Bystânsaffêre om boadskippen rekket ek famylje op It Hearrenfean

30 des 2020 - 17:56

In nachtmerje foar in famylje op It Hearrenfean. In frou moat al twa jier lang jild werombetelje oan de gemeente. Mar neffens de famylje is dat net terjochte. It docht tinken oan de saak yn gemeente Wijdemeren yn Noard-Hollân, dêr't in frou ek tûzenen euro's werombetelje moast omdat sy sa no en dan boadskippen krige fan har mem. Dat ferhaal klinkt bekend foar Minkie Brandsma fan It Hearrenfean. Har dochter moat 9.000 euro werombetelje en dat is neffens har net terjochte.

Boadskippe-affêre bystân

"It probleem is dat ús dochter alle moannen mei de bystânsútkearing earst in ôftrek fan skuld hat," begjint in emosjonele Brandsma har ferhaal. "It is foar har altyd al in flinke put om rûn te kommen."

Boadskippen

De famylje woe helpe om it libben wer wat op de rit te krijen. "Doe't it destiids dreech mei har gie, hawwe wy har holpen. Sy koe eltse dei by ús ite en dan kocht sy de boadskippen foar ús en foar harsels, ek om har maatskiplik wat yn beweging te hâlden. Dy boadskippen betelle se sels en wy betellen har letter de boadskippen dy't foar ús bedoeld wiene werom, want dat wie ús iten. Sa ha wy dat jierren dien."

Minkie Brandsma - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

De gemeente stelt lykwols dat it jild net opjûn is. In persoan dy't yn de bystân sit, is by de wet ferplichte om alle ynkomsten op te jaan. "It is logysk dat sy de rekken kontrolearje wolle," seit Brandsma. "Mar sy hawwe alle bedraggen dy't wy har werombetelle hawwe opteld. En sy seine doe: betelje mar 9.000 euro werom. Mar sy seagen net dat op deselde rekken stie dat sy dat earst al útjûn hie."

"Je steane machteleas"

En dêr kin de famylje net goed by. "Wy fine dat skandalich en wy hawwe it hiele ferhaal der efter ek ferteld, ik wie altyd fol betrouwen: wy kinne dat wol útlizze, dat snappe sy wol. Mar it wie as praten wy tsjin in muorre, it wie om 'e nocht. Je steane machteleas."

Mar de gefolgen binne wol grut. Brandsma: "Wy binne ek al wat âlder en wy binne mantelsoargers. Je fiele je dûbeld pakt. Je tinke: ferdoarje, moatte je hjir ek noch efteroan. It wetter stiet je al ta de lippen. No moatte je ferdigenje foar in ding dat de gewoanste saak fan de wrâld is. Wy hawwe net in flater makke, mar de gemeente."

Minkie Brandsma fan It Hearrenfean

Omrop Fryslân hat besocht om in reaksje fan de gemeente Hearrenfean te krijen. Sy wolle lykwols net reagearje: fanwegen de fakânsje wie it net mooglik de korrekte ynformaasje op tafel te krijen.

"Dit is net te ferkropjen"

"Ik besykje der wat lucht yn te hâlden, want it spilet al in tiid en wy binne trochsetters," seit Brandsma. "Mar it rekket je wol, emosjoneel. It is sa net-terjochte. In dochter dy't har bêst docht om sa goed as mooglik har libben te libjen en te wurkjen, it is allegearre mei goede bedoelingen. Mar dit is net te ferkropjen."

Foar Brandsma is de oplossing simpel: "Dizze skuld moat fan tafel. Frijskatting, sa gau as mooglik. Dan hat myn dochter ek minder stress, dêr geane wy foar. It rekket ús djip yn it hert mar ik gean troch oant wy ús rjocht krije."

(Advertinsje)
(Advertinsje)