Net golvje troch wetteroerlêst op de banen: "Het wordt een grote modderpoel"

30 des 2020 - 17:53

Ien fan de meast coronabestindige bûtensporten, it golvjen, kin op guon plakken net mear beoefene wurde. Omdat der de ôfrûne tiid in soad rein fallen is, binne de golfbanen ûnderstrûpt. De terreinen by Ljouwert en Aldemardum binne sletten. En dat wylst de sport yn coronatiid just sa populêr waard.

Golfbaan sletten

Sa hat Ljouwerter golfklup De Groene Ster de baan slute moatten. As it sintsje skynt, wolle leafhawwers wol in baltsje slaan, mar op it terrein lizze allegear wetterplassen. De measte stikken lizze leger as de omjouwing. De baan is út foarsoarch ôfsletten foar it publyk.

"Het eerste waar je mee stopt, dat zijn de handycars", leit bestjoerslid Jan Heidstra út. "Dat zijn de karretjes waar je mee kunt rijden. Die hebben nogal een gewicht en dan zak je snel weg in de modder. We laten ze al een tijdje niet meer toe op de baan." No kinne ek de trolleys en golfers net mear talitten wurde. It soe de grûn ferniele.

Wetteroerlêst by golfbaan de Groene Ster - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

It gie dit jier krekt hiel goed mei de klup, mei in rekôroantal nije leden. Benammen fanwegen corona is it golvjen populêr wurden. "De belangstelling is enorm toegenomen. Niet alleen hier, maar ook landelijk", wit Heidstra. "We hebben er zo'n tweehonderd leden bijgekregen, waarvan 125 mensen die voor het eerst zijn begonnen met golfen. Jong en oud."

Ek de baan fan Golfclub Gaasterland yn Aldemardum is sletten fanwegen wetteroerlêst. Beetstersweach en It Hearrenfean binne wol iepen. De Ljouwerter golfbaan hopet op 2 jannewaris it terrein wer iepenje te kinnen.

Ferslachjouwer Ronnie Porte sjocht hoe sompich oft de golfbaan yn Ljouwert is

(Advertinsje)
(Advertinsje)