Middenyn de kettingbotsing op âldjiersdei 2019: "Ik tocht: dit oerlibje ik net"

30 des 2020 - 16:53

It is tongersdei in jier lyn dat der tsientallen auto's op elkoar botsten yn tichte mist by Akkrum. By it ûngelok op de A32 kaam in 58-jierrige frou om it libben en rekken sa'n tsien minsken ferwûne. De mist oerfalt jûns tsientallen automobilisten op de sneldyk en de meldkeamer fan de helptsjinsten wurdt plat belle. Der is panyk, gaos en ravaazje. De iene nei de oare auto botst op elkoar. Ien fan de automobilisten is Geert Paulusma fan Boarnburgum. Hy sjocht foar ús werom op dy bizarre jûn.

Deadlik ûngelok âldjiersdei 2019

De mist kaam út it neat, fertelt Paulusma. "Ik kaam fan De Jouwer en we soene nei Ljouwert, nei de heit fan myn freondinne, dy lei yn in revalidaasjesintrum. Der wie fierder ek hielendal neat oan de hân, dus wy rieden dy kant op. Dan ride je en ynienen - dan bin ik ek bliid dat elkenien itselde ferhaal hat - wie it krekt of die ien in lekken om je holle hinne. Je seagen hielendal neat mear."

"Doe wie it remje, remje en in bytsje panyk. Nei in pear sekonden komst út de mist wei en dan seach ik twa of trije auto's stean. Neffens myn freondinne ha ik noch besocht deromhinne te stjoeren. Mar ik bin der boppe-op knald."

Folle snelheid

"We soene derút, mar doe sei se: sitten bliuwe, want no komme se fan achteren. En dat wie ek sa, se kamen fan achteren en fan links en rjochts en alle kanten fleagen se boppe-op je", fertelt Paulusma. Hy belibbe dêrnei rare mominten.

Foto: Jaring Rispens - CAMJO Media

"Ik seach de auto's oankommen mei it idee: tink derom, wy stean hjir stil. Mar dy hiene itselde as my, tink ik. Je ride, je ha frij sicht, en ynienen hast dy wite bân om dy hinne. Dus seachst se gewoan mei folle snelheid boppe-op je knallen, dat wie it rare. En doe't it by ús stil waard, begûn it op de oare kant. It wie echt gaos, dat seachst ek oan elkenien dy't útstapte."

"Ik tocht, dit oerlibje ik net"

Paulusma hat flink lêst hân fan it ûngelok. "Ik wie de earste tiid wol echt bang om auto te riden. Ik ha terapy dien, dat hat by my hiel bot holpen. Ik bin wol oars riden gien, ik bin wat dat oanbelanget in ferfelende byrider wurden, want ik reagearje hiel bot op remljochten en minsken dy't ôfslaan."

"It belangrykste wat ik derfan ûntholden ha is dat ik hiel bliid bin dat ik der noch bin. Yn de pear sekonden dat it barde, tocht ik: dit oerlibje ik net. It alderslimste is fansels dat der in gesin thús sit dêr't de frou, de mem, de beppe noait wer thúskomt."

Geert Paulusma

Trefwurden: 
ûngelok Akkrum A32
(Advertinsje)
(Advertinsje)