Tal nije coronabesmettingen yn Fryslân wer tanaam, fiif minsken ferstoarn

30 des 2020 - 15:30

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 211 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. It binne der 8 mear as tiisdei, doe't 203 gefallen meld waarden. It deistige tal meldingen kin aardich skommelje en dat hat te krijen mei de feestdagen.

Yn de gemeente Súdwest-Fryslân binne de measte nije besmettingen meld: 45. Dêrnei folgje Ljouwert mei 32 besmettingen en Noardeast-Fryslân mei 21 besmettingen.

Opnij fiif minsken ferstoarn

Fiif minsken binne yn de ôfrûne dei ferstoarn oan it firus yn Fryslân, dat is gelyk oan it oantal fan tiisdei. De stjergefallen binne yn Ljouwert (2), Waadhoeke (1), Smellingerlân (1) en Dantumadiel (1). Ferline wike ferstoarnen der fiif minsken oer de hiele wike.

Lykas tiisdei binne der twa minsken it sikehûs yn rekke yn Fryslân: ien persoan yn de gemeente Hearrenfean en ien persoan yn Ljouwert.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)