Steatsboskbehear siket eigener dumpte kuolkasten yn Drintsk-Fryske Wâld

30 des 2020 - 14:36

Dat der rommel yn de natuer fuortsmiten wurdt, is fan alle dagen. Mar wat Steatsboskbehear dit kear yn it Drints-Fryske Wâld oantroffen hat, falt net oer de holle te sjen. Ien hat dêr nammentlik twa koelkasten dumpt. Steatsboskbehear ropt de eigener op syn dumpte guod wer op te heljen.

Meast treffe de boskwachters yn it gebiet túnôffal oan of sels resten fan in himpplantaazje. "Er worden ook wel eens puin en tegels gestort. Je kan het zo gek niet verzinnen", seit boskwachter Aaldrik Pot fan Steatsboskbehear. Mar in kuolkast hie er noch nea meimakke; lit stean twa. Echt fernuvere is Pot lykwols net. "Wij kijken nergens meer van op. Mensen dumpen van alles en nog wat op onze terreinen."

Middenyn de bosk

Wat opfallend is, is dat de kuolkasten middenyn it gebiet fuortsmiten binne en net oan de râne. Pot tinkt dat de eigener mei in karke in flink stik it gebiet yn riden is en de masines derút kipere hat. "Het was middenin het bos. De ene stond rechtop in het gras en de andere lag in de sloot", omskriuwt Pot.

"Het komt wel vaker voor dat mensen niet het geduld kunnen opbrengen om naar de stort te rijden. Dan zitten wij weer met de rommel.". It fassinearret Pot dochs wol. "Waarom doe je dat? Doe je het misschien om ons te pesten? Ik weet het niet."

"Wij hebben er veel werk van"

Boskwachter Liesbeth Koel pleatste in tweet dêr't se de eigener fan de twa waskmasines oprôp om syn guod foar 4 jannewaris wer opheljen te kommen. Dat der echt ien foarride sil mei in karke sjocht Pot net barren. "Het komt erop neer dat wij het dan toch naar de stort brengen, maar wij hebben er best wel werk van."

Pot en Koel hawwe tiisdei tegearre yn it spier west om de masines op te rêden. "We zijn er toch weer drie uur mee bezig. Die tijd kunnen we niet aan andere dingen besteden. Dat is zonde van onze tijd."

Boskwachter Aaldrik Pot fan Steatsboskbehear

(Advertinsje)
(Advertinsje)