Meldkeamermeiwurker oer deadlik ûngelok âldjiersdei 2019: "Ik hoorde de auto's op elkaar klappen" 

30 des 2020 - 13:34

It nije jier begûn yn 2020 yn Fryslân dramatysk: troch de slimme dize dy't der hong, barden der op 31 desimber 2019 ferskate ferkearsûngelokken. Sa klapten yn de tichte dize op de A32 by Akkrum tsientallen auto's op elkoar. By it ûngelok kaam in 58-jierrige frou fan Dokkum om it libben. Mariska Petstra siet dy bewuste jûn op de helptsjinstmeldkeamer. We gean mei har in jier werom yn de tiid.

Deadlik ûngelok âldjiersdei 2019

Om 18.30 oere hinne krige meldkeamermeiwurker Petstra de earste melding binnen. "Er kwam een melding binnen van een aanrijding met meerdere voertuigen. Dan blijkt al gauw dat het buiten behoorlijk mistig is en dat er een flinke kettingbotsing heeft plaatsgevonden", fertelt se. De meldings kamen by sawol de brânwacht, de plysje as de ambulânse binnen. "De strekking van de melding was dat er meerdere auto's op elkaar klapten."

Petstra hie fuort yn de gaten dat it foute boel wie. "Als het heel erg mistig is en veel mensen zijn over de snelweg onderweg naar hun familie, dan is het chaos." Echt in byld hie Petstra net fuortendaalks fan de situaasje. "We wisten dat het op de snelweg was, we weten dat er meerdere auto's op elkaar klappen. Maar die aantallen gaan van 20 naar 40 naar 60. Dan weet je wel dat het groot is", fertelt Petstra.

Panyk

De meldkeamermeiwurker hearde oan de telefoan de panyk yn de stimmen fan de minsken dy't belutsen wiene by it ûngelok. "Het was mistig, niemand zag iets. Tijdens de melding hoorde ik ook de auto's op elkaar klappen", beskriuwt Petstra de situaasje. Oan de meldkeamermeiwurkers de taak om rêstich te bliuwen. "Wij moeten zorgen dat de hulpverlening daar zo snel mogelijk naartoe komt. Wij moeten dan kalm blijven, want alleen met kalmte kun je redden."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Se drukten de kollega's dy't op in paad giene dan ek op it hert om foarsichtich te wêzen. "Doe voorzichtig, denk om je eigen veiligheid! We wisten ook niet waar de botsing precies was begonnen. De locatie is dan lastig te zien op de bordjes."

"Het gebeurt ons dagelijks"

Der blieken der tsientallen auto's belutsen by de kettingbotsing. Santjin minsken rekken licht ferwûne, twa persoanen slim ferwûne en ien frou kaam om it libben. "Hoe vervelend dat ook is, dat gebeurt ons eigenlijk dagelijks. Dat klinkt heel hard, maar dat is wel ons werk. Toen ik thuiskwam heb ik met mijn man een biertje gepakt, en doorgaan met het leven."

Petstra is bliid mei de wize wêrop't sei en har kollega's te wurk giene. "Ik heb het gevoel gehad dat we met z'n allen keihard hebben gewerkt. We hebben de hulpverlening zo snel mogelijk op gang gebracht, om iedereen zo snel mogelijk op te vangen."

Mariska Petstra

Trefwurden: 
ûngelok Akkrum A32
(Advertinsje)
(Advertinsje)