Krityske planbere operaasjes yn Fryske sikehûzen kinne foarearst trochgean

De krityske planbere operaasjes yn de Fryske sikehûzen kinne foarearst gewoan trochgean. Dat seit foarsitter Ate van der Zee fan it ROAZ (Regionaal Overleg Acute Zorgketen). Njoggentich Nederlânske sikehûzen hawwe fanwegen de hege coronadruk en personielskosten in part fan de soarch skrast dy't binnen seis wiken levere wurde moat, sa meldt de Nederlandse Zorgautoriteit (NZa) woansdei.
© Omrop Fryslân, Darshan Boerema
Under kritysk planbere soarch falt bygelyks it operatyf fuortheljen fan kankertumoaren, gemokueren en nier- en stamseltransplantaasjes.
Earder waard ek al de net-akute soarch yn de Fryske sikehûzen - it MCL (Ljouwert) Nij Smellinghe (Drachten), Tjongerskâns (It Hearrenfean) en it Antonius-sikehûs (Snits) - foar in part stillein en útsteld. De krityske planbere soarch gie wol troch. Ek no't tsientallen Nederlânske sikehûzen oankundigje in part fan dy operaasjes te skrassen, feroaret der yn Fryslân foarearst neat.

Oerlis

De situaasje kin lykwols elts momint feroarje, sa seit Van der Zee. Tongersdei is der wer in oerlis mei de sikehûzen yn it Noarden om te besjen wat noch wol en wat net mear mooglik is. Van der Zee: "It wurdt alle dagen dreger om bêden beskikber te krijen en te hâlden." Sa wurdt it ek hieltyd dreger om minsken út it sikehûs wei yn in fersoargingshûs te krijen, fanwege de krapte dêr.