Plysje fynt 31 nitraten yn Ljouwert

De plysje fan Ljouwert hat tiisdei 25 kilo fjoerwurk fûn yn in wenning yn de stêd. By it fjoerwurk sieten 31 nitraten.
© Ben de Jager, Omrop Fryslân
De plysje kaam it fjoerwurk op it spoar nei't it in melding krige fia Meld Misdaad Anoniem. Ut de buert kamen ek al klachten fan fjoerwurkoerlêst.
It fjoerwurk is ynnaam en de eigener, in 20-jierrige man, hat in proses-ferbaal krigen.