Gemeenten en Veiligheidsregio komme opnij mei kampanje foar feilich karbidsjitten
De Fryske gemeenten en Veiligheidsregio Fryslân komme dit jier opnij mei in kampanje foar feilich karbidsjitten. Doel fan de kampanje 'Wie is de BOCK?' is om de karbidknallers bewuster te meitsjen oer it feilich gebrûk fan karbid en it oantal karbidslachtoffers omleech te bringen.
Fjoerwurk is dit jier ferbean. Doe't dat beslút bekend makke waard, skeat de ferkeap fan karbid hurd omheech. It karbidsjitten is, binnen de coronamaatregels, wol tastien.
Yn de kampanje 'Wie is de BOCK' (Bewust Oplettende CarbidKnaller) wurde fiif tips jûn foar feilich karbidsjitten: ris dy goed ta, beskermje dysels en oaren, soargje foar EHBO, brûk goed materiaal en ûntstek it karbid feilich.
Brânwûnen
De kampanje sette yn 2015 útein en is oarspronklik in inisjatyf fan Brandwondencentrum Martini Ziekenhuis Groningen, de brânwacht fan Drinte en Stichting Carbidschieten Drenthe. Oanlieding foar de kampanje wie in opfallende stiging fan it oantal persoanen dat brânwûnen oprûn as gefolch fan it karbidsjitten yn 2014.
Yntusken wurdt de kampanje stipe troch de Veiligheidsregio's, GGD'en en hast alle gemeenten fan Fryslân, Grinslân, Drinte en de Brandwonden Stichting.