Oaljekoeken ferkeapje yn coronatiid: "Minder gesellich, mar ek minder gaoatysk"
Al jierren sutelet follybalferiening SVW fan Waskemar op âldjiersdei mei oaljebollen by de doarren lâns. De sinten dy't dat opsmyt kinne goed brûkt wurde, mar troch it coronafirus moat ek it útsuteljen dit jier oars.
Eins kin dizze ekstra finansjele ynjeksje neffens foarsitter Petra Reinders ek net mear mist wurde. En dêr like it yn earsten dit jier fanwegen de coronamaatregels wol op. Want sutelje kin no eins net mear. Dêrom is keazen foar in kreamke by it buerthûs De Herberg.
"En no mar hoopje dat de aksje oanslacht", sa seit Petra. Want sy begrypt ek wol dat minsken earder oaljekoeken keapje sille as se oan de doar brocht wurde as dat se hjirfoar spesjaal nei it 'doarpshús' komme moatte. "We hoopje dat de doarpsbewenners solidêr wêze sille, want de follybalferiening wurdt breed droegen. Mar it bliuwt in hiele útdaging".
De aksje leveret de feriening elk jier in moai bedrach op. "Foarige jierren ha we der tenu's foar kocht, nije festen, nije ballen, We hat it der dit jier noch net oer hân wêr't wy it oan besteegje sille, we ha wierskynlik mear sealhier nedich want der is mear jongerein, en miskien in buffer oanhâlde."
Utsutelje op op 'e kream?
"At dit no wurket, dogge wy it faker sa. Mar ik tink dat we mei útsuteljen mear ferkeapje. Is it wol minder gesellich, mar ek minder gaoatysk", laket Anneke. "Meastal begjinne wy moarns mei tweintich man mei ynpakken en útsuteljen en dan is der rêst."
Yn de kommende tiid folget Omrop Fryslân it doarp Waskemar. Fan de basisskoalle oant it doarpshûs. Fan de fuotbalferiening oant doarpsbelang. Hoe giet in doarp en alle minsken yn it doarp om mei de coronakrisis? Watfoar effekten hat it op it doarp?