Measte files fan Nederlân wiene ôfrûne jier op de Ofslútdyk

De Ofslútdyk stiet dit jier boppe-oan yn de list fan diken dêr't de measte files stiene. Dat docht bliken út sifers fan de ANWB.
© ANP
Lanlik sjoen is it tal files mei 63 prosint ôfnaam, benammen troch it thúswurkjen yn coronatiid. De bekende filetoppers binne folslein út de top 10 ferdwûn, en de A7 tusken Hoorn en It Hearrenfean is dus mei stip binnenkaam op nûmer ien.
De files fan it ôfrûne jier waarden feroarsake troch it wurk oan de Ofslútdyk.