Ynternetkriminaliteit yn Fryslân tanaam yn twadde coronalockdown

Sûnt de twadde lockdown is it tal meldingen fan cybercrime yn Fryslân bot tanaam. Tusken septimber en novimber lei it tal meldingen fan online kriminaliteit hast 16 persint heger as in jier earder. Dat docht bliken út ûndersyk fan VPNGids.nl nei de ynfloed fan lockdowns op kriminaliteit, op basis fan plysjesifers.
© Markus Spiske
Yn de twadde coronaweach registrearre de Fryske plysje oant no ta 95 digitale misdieden dêr't phishing (wêrby't kriminelen besykje om achter je bankgegevens te kommen), helpdeskfraude en freon-yn-noedfraude foarbylden fan binne. Yn 2019 gie it yn dyselde perioade noch om 82 meldings.
Nettsjinsteande dizze stiging komme Friezen der yn de twadde weach noch goed fan ôf op it mêd fan ynternetoplichting. Op lanlik nivo ferdûbele it oantal cybercrime-meldings nammentlik.
Fan jannewaris oant novimber hiene 5 op de 10.000 Friezen te krijen mei cybercrime. Dit sifer leit krekt wat leger as lanlik: 5,6 op de 10.000.

Measte cybercrime yn Weststellingwerf

Yn Fryslân foelen ynwenners fan de gemeente Weststellingwerf relatyf sjoen it faakst yn hannen fan ynternetkriminelen. Yn 2020 wiene dêr al 9,7 meldings fan cybercrime de 10.000 ynwenners. Ek op Skylge (8,1), yn Harns (6,4) en yn Waadhoeke (6,3) binne der de 10.000 ynwenners relatyf sjoen in soad cybercrime-meldings.
Ynternetmisdied wurdt it minst faak meld op Skiermûntseach en op Flylân. Hjir wiene yn 2020 oant en mei novimber gjin ynsidinten.

Kriminelen wurkje ek thús

Mei troch de coronamaatregels liket kriminaliteit yn de twadde weach te ferskowen nei online. Yn njoggen Fryske gemeenten krige de plysje sels faker meldings fan cybercrime as fan ynbraken. Dit jildt ûnder mear foar de gemeenten Hearrenfean, Harns en Achtkarspelen.
Lykas elkenien wurkje kriminelen yn coronatiid ek faker thús, fertelt David Janssen fan VPNGids.nl "Je ziet dat traditionele vormen van criminaliteit sterk afnemen, omdat we met zijn allen een stuk meer thuis zitten. Dan zoeken criminelen naar andere manieren om slachtoffers te maken en maken ze de overstap naar digitale criminaliteit."

Hieltyd effektiver

Cyberkriminelen wurde hieltyd effektiver, seit Janssen. "Het komt steeds minder onnozel over, omdat er steeds betere tactieken gebruikt worden." Sa wurdt gebrûk makke fan 'hijacken', wêrby't in WhatsApp account oernaam wurdt om it lykje te litten as oft in bekende om jild freget.
David Janssen