Supermerk Wynjewâld hielendal opknapt, mar in geskikte ûndernimmers is der noch net

30 des 2020 - 07:28

De supermerk yn Wynjewâld is hielendal opknapt en soe yn prinsipe sa wer iepen kinne. It iennichste dat der no noch ûntbrekt, is in geskikte ûndernimmer. Yn oktober dit jier die de wurkgroep 'Supermarkt Wijnjewoude' in oprop foar in ambisjeuze ûndernimmer dy't de supermerk yn it doarp wer ta libben bringe kin. Twa jier lyn gie de winkel nammentlik yn flammen op. De syktocht nei de perfekte kandidaat is noch yn folle gong, mar de wurkgroep hopet der yn jannewaris út te wêzen.

Foto: Wynjewâld

"Onze oproep heeft heel veel opgeleverd", leit Marianne Hulsbergen fan de wurkgroep út. Leafst 43 minsken seagen harsels wol in supermerk runnen. "Dat hadden we niet verwacht en we waren wel een beetje overdonderd." Dêrút binne trije geskikte kandidaten út oerbleaun. "Met een van hen zijn we heel nauw in gesprek."

Merkûndersiken

De wurkgroep liet dêrfoar twa ûnôfhinklike merkûndersiken útfiere. "Die hebben uitgewezen dat hier prima een goede boterham te verdienen is. Maar hoe je het dan indeelt, voor welke leverancier je kiest, er komt een heleboel bij kijken!", seit Hulsbergen. "We zijn en blijven optimistisch, maar we zijn ook realistisch."

De winkel is der yn elts gefal klear foar. It pân is ôfrûne jier opkocht troch sa'n tolve ynwenners fan Wynjewâld en sy hawwe de winkel klearmakke foar in nije supermerkeigener. "Zij hebben de handen uit de mouwen gestoken. Dat was heel veel werk." It pân is hielendal stript en himmele. Der waard in spesjaal bedriuw ynhierd om de roetresten fuort te heljen. "Het is geschilderd en het is helemaal schoon, leeg en ruim."

Begjin 2021 dúdlikheid

De potinsjele ûndernimmer is neffens Hulsbergen no oan set. Hy moat oanjaan hoe't hy de eksploitaasje fan de supermerk ynfolje wol en moat mei in bedriuwsplan komme. De wurkgroep hopet yn jannewaris 2021 mear dúdlikheid te hawwen. "Wij kunnen alleen ondersteunen. Het is nu aan de ondernemer", seit Hulsbergen.

Marianne Hulsbergen

(Advertinsje)
(Advertinsje)