Freonen sile hertsje winter de Alvestêdetocht foar it goede doel

In Alvestêdetocht sile is miskien net sa bysûnder, mar wól as je dat yn ien ruk dwaan wolle, sûnder motor, en yn de kâlde wintermoanne jannewaris. En dat is krekt it plan fan fjouwer befreone silers. It moat net allinnich in moai aventoer opsmite, it fjouwertal wol der ek jild mei ophelje foar SailWise, in organisaasje dy't wettersport oanbiedt foar minsken mei in beheining.
© Facebook Streven naar afzien
It plan om de hast 200 kilometer lange tocht ôf te lizzen, komt fan Suzan Huppes, Tim van Haalen, Lotte Spaargaren en Rinke Bergsma. "We sieten alle fjouwer thús fanwegen de coronamaatregels. Ik bin timmerman en kom de doar hast net út", fertelt Bergsma fan Warkum. "Wy woene derút en hoe kin dat yn Nederlân no better as troch de barste tocht te silen dy't je mar betinke kinne."

Ofsjen

De fjouwer fanatike silers woene graach wat posityfs dwaan. "Wy woene it net samar dwaan. Wy binne grut fan fan SailWise", leit Bergsma út. SailWise organisearret wettersportaktiviteiten en -fakânsjes foar minsken mei in beheining. It plan kaam dus earst, dêrnei pas it doel. "Wy wolle sa folle mooglik ôfsjen foar minsken dy't bot ôfsjen moatte yn it deistich libben. Dan draaie we dy rollen in kear om."

Sûnder motor

De tocht set freedtemoarn 29 jannewaris ier en betiid útein en moat de sneins derop wer dien wêze. De fjouwer silers meitsje it harsels net maklik. Se wolle de tocht ôflizze yn in falkje, sûnder in motor. "It moat in lytse boat wêze, want der binne 130 brêgen dy't net iepen binne. Dus dan moat de mêst omleech", ferklearret Bergsma. De motor giet miskien wol mei, mar is der allinnich foar needgefallen. Fierder kin it fjouwertal alles brûke wat him ûnderweis oantsjinnet.

"Elke euro is wolkom!"

Bergsma: "We hawwe noch nea soks oanpakt. We gean gewoan silen en we sjogge wol hoe fier oft we komme. We gean jûns troch oant we tinke dat we it net mear oankinne, om't it bygelyks te kâld is of as it net mear ferantwurde is. Dan sykje we in plakje om te sliepen."
Elk wa't dat wol, kin de fjouwer silers sponsorje. "We hawwe in Facebookside makke mei in sponsorlink." It doel is om 5 euro de persoan de kilometer op te heljen; in stribbedrach fan 4.600 euro. Bergsma: "Elke euro is wolkom!"
Rinke Bergsma oer de syltocht