Auto oer de kop slein by De Blesse

29 des 2020 - 22:12

Op de Steenwijkerweg by De Blesse is tiisdeitejûn in auto oer de kop slein. De auto kaam tsjin in beam ta stilstân. By it ûngelok rekke net ien ferwûne. Der is wol in ambulânse op it plak kaam ta kontrôle. De plysje hat de dyk in skoft ôfsletten foar ferkear.

Foto: BTBfotografie

Nei alle gedachten is de bestjoerder de macht oer it stjoer ferlern yn in bocht doe't er yn 'e rjochting fan Wolvegea ta ried.

(Advertinsje)
(Advertinsje)