WK darten einiget foar Danny Noppert wer yn de tredde ronde

29 des 2020 - 20:26

Danny Noppert is tiisdeitejûn yn Londen útskeakele yn de tredde ronde fan it WK darten. Yn it Alexandra Palace ferlear de 29-jierrige Fries mei 4-2 fan Dave Chisnall út Ingelân.

Danny Noppert - Foto: Orange Pictures

Noppert kaam lykwols goed út 'e startblokken. Hy wûn trije legs op rige en pakte dêrmei ienfâldich de set fan Chisnall, dy't noch net goed yn 'e wedstriid siet. Fan de twadde set ôf wie de Ingelskman better, mar hy krige gjin kânsen fan de Fries. Dy smiet trije kreaze finishes op rige en makke dêrnei de 2-0 yn sets.

Foarsprong wei

Dave Chisnall kaam dêrnei lykwols better yn de partij. Hy pakte sûnder legferlies de tredde set, en makke dêrnei lyk yn de fjirde set (3-1). De foarsprong fan Noppert wie dêrmei folslein fuort. De Jouster koe syn skoares net folhâlde, wylst Chisnall in hiel soad trippels smiet. De Ingelskman pakte syn tredde set op rige en makke 3-2.

It fûnis wie dêrnei dúdlik foar Danny Noppert. Yn de lêste set hold hy Chisnall lang net mear by, dy't fia tops syn plak by de lêste sechtjin ferovere.

Ferline jier ferlear Noppert ek yn de tredde ronde fan it wrâldkampioenskip; doe wie dat tsjin Kim Huybrechts út België.

It WK darten wurdt fan 15 desimber oant en mei 3 jannewaris hâlden yn it Alexandra Palace yn Londen. It toernoai wurdt - útsein de iepeningsdei - sûnder publyk spile. De regearjend wrâldkampioen darten is Peter Wright út Skotlân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)