Boargemaster Buma: aktive oanpak fan oertrêders regels mei âld en nij

29 des 2020 - 18:44

"Het is moeilijk in te schatten hoe het precies zal gaan, ik hoop dat het overgrote deel van de mensen oud en nieuw rustig thuis viert. En tegelijkertijd zijn we altijd voorbereid op alles, net zoals in andere jaren," seit boargemaster Sybrand Buma, dy't ek foarsitter fan Veiligheidsregio Fryslân is. Buma is wol dúdlik: "Diegenen die denken dat ze een loopje kunnen nemen met de regels, komen van een koude kermis thuis."

Jierwiksel

De ferloffen fan plysje, brânwacht en oare helpferlieners binne lanlik ynlutsen foar de jierwiksel, dat makke it Veiligheidsberaad moandei bekend. Dêr sitte de boargemasters fan de 25 Veiligheidsregio's yn, ek Sybrand Buma fan Veiligheidsregio Fryslân. "Er zijn altijd zoveel mogelijk mensen van politie en handhaving op straat. Dat is nu ook zo. Dus de zin 'alle verloven zijn ingetrokken' is niet van mij, want de dag erna hebben we ook politie nodig. Je kunt alle verloven intrekken, maar 2, 3 en 4 januari willen we ook bijvoorbeeld ongelukken kunnen bestrijden," jout hy oan.

Net in soad geselligens yn 'Huize Buma'

Buma giet sels op âldjiersjûn op 'en paad: "Omdat ik het ook belangrijk vind om te zien hoe het in de stad is. In huize Buma is het niet super gezellig, maar ik zal er zijn voor de gemeente. Er zal veel politie en handhaving zijn, maar het naleven van de coronaregels zal van iedereen zelf moeten komen. Ik heb met de straat een buurt-app, daar kunnen we elkaar gelukkig nieuwjaar wensen. En niet de straat op."

It hanthavenjen fan de iepenbiere oarde is en bliuwt wol earste prioriteit. "Nieuwjaar zal zeker anders zijn dan we gewend zijn. De politie en handhaving zijn er om eventuele overtredingen zoals vuurwerkgebruik op te sporen en aan te pakken. Er is voor zover het mogelijk is wel extra inzet, omdat je niet kunt voorspellen. Dat geldt landelijk. Maar andere jaren is de inzet ook fors. Het is moeilijk voorspelbaar wat er gebeurt, het is vooral zoveel mogelijk zicht krijgen op wat we kunnen verwachten."

Foto: Omrop Fryslân

Twizelerheide

Dat der ûnrêst wêze kin, docht wol bliken út de oerlêst yn Twizelerheide, dêr't in needferoardering jildt. It gie om lûdsoerlêst, groepsfoarming, swier fjoerwurk, in soad rommel en alkoholgebrûk. "Wat betreft Twijzelerheide hebben we net een regionaal overleg gehad met de Veiligheidsregio gehad waarin de burgemeester ook heeft aangegeven dat het fors was. Maar de maatregelen waren ook fors. Dus diegenen die daar in overtreding zijn geweest zullen met oud en nieuw waarschijnlijk thuis zitten en geen leuke jaarwisseling hebben."

Alternativen

Buma jout ek oan dat der oare wizen binne om de jierwiksel te fieren. "Het is niet zo dat je stilletjes thuis moet wachten tot twaalf uur, je kunt ook positief bijdragen aan een mooie oud en nieuw. In Leeuwarden is bijvoorbeeld de horeca samen met Suksawat en Neushoorn bezig om een mooie digitale oudejaarsshow te maken voor jongeren die niet naar de horeca toe kunnen. De horeca en dj's komen nu bij je thuis. Het alternatief kan ook aantrekkelijk zijn."

Boargemaster Sybrand Buma fan Veiligheidsregio Fryslân

Njonken boargemaster Buma steane ek oare Fryske boargemasters op skerp. Sa hawwe de coronaregels ek foar it karbidsjitten yn de provinsje gefolgen. Yn Noardeast-Fryslân wurdt op âldjiersdei op leafst 59 plakken sketten. Mar, dêrfoar jilde strange regels, neffens boargemaster Johannes Kramer.

Groepkes fan twa, en gjin publyk

"Der mei yn groepkes fan maksimaal twa minsken sketten wurde. Der meie wol meardere groepkes wêze, mar dy moatte dan op foldwaande ôfstân fan elkoar stean. En der mei dit jier ek gjin publyk by wêze." Neffens de boargemaster sil op âldjiersdei ekstra kontrolearre wurde yn de gemeente.

(Advertinsje)
(Advertinsje)