Ek yn coronatiid Sint-Thomaslieden yn Ketlik: mar wol mei moffen oan

It wie efkes spannend oft it iuwenâlde Sint-Thomaslieden yn Ketlik troch it coronafirus noch wol trochgean koe. Mar de klokken liede wer ta de ein fan it jier om hielendal neffens tradysje kweade geasten te ferjeien.
Ketlik
Wa't it wol mei ek dit jier fan de gemeente Hearrenfean op eigen manneboet yn de touwen hingje. Al is it wol de bedoeling dat minsken har oan de maatregels hâlde. Dêrom binne der om de klokkestoel hinne by de Thomastsjerke bourdsjes pleatst.

Feilich

De minsken wurdt frege om moffen oan te lûken foar it lieden fan de klokken, sa't it firus eventueel net fia de touwen ferspriede kin. En fansels moatte de minsken wat ôfstân fan inoar hâlde. It is rêstiger as oars, mar it rint neffens Pleatslik Belang aardich troch mei minsken dy't it dochs even besykje wolle. Oant en mei âldjiersdei meie de klokken let wurde.
© Omrop Fryslân
Ferslachjouwer Johanna by de klokken fan Ketlik

Fan Eaststellingwerf oan De Dokkumer Wâlden

Iuwen lyn bestie de tradysje fan Sint-Thomaslieden op folle mear plakken: fan Aldeberkeap yn Eaststellingwerf oant De Dokkumer Wâlden yn it Noarden. Sa waard it eartiids ek yn Donkerbroek, De Himrik, Hoarnstersweach, Wynterp, Súd-Drachten, Ald Beets, Koartsweagen, Burgum en Hurdegaryp dien.
Yn guon plakken binne de klokhuzen lykwols ôfbrutsen en hjoed-de-dei bestiet de tradysje allinne noch yn Aldhoarne en Ketlik. Yn it ferline hat it wolris sa west dat der mear as 80 minsken op it tsjerkhôf fan Ketlik stiene.

Kweade geasten

It doel fan it Sint-Thomaslieden wie it suverjen fan de loft fan de kweade geasten. It wie in foarm fan 'plúsliede', ek wol 'diveljeie' neamd. It 'klokstjoere' is noch in hiele keunst, twa man liede de klokken yn in ritme dat men in 'fjouwerkante slach' neamde.
Ferslachjouwer Johanna hinget sels yn de touwen by de Thomastsjerke yn Ketlik
© Omrop Fryslân