De Harmonie moediget de Friezen op mei kanvaskeunst

Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert giet fan nijjiersdei ôf de ynwenners fan Fryslân opmoedigjen. De hiele moanne jannewaris wurdt it gebou ta libben brocht mei in mediakeunstprojekt fan keunstner Frouke ten Velden.
De Harmonie yn Ljouwert © De Harmonie, Ljouwert
It keunstwurk - in doek fan kanvas - is dan prominint sichtber oan de bûtenkant fan it gebou. De ynstek is: herten ferwaarmje en sjen litte dat keunst en kultuer der is en bliuwt, foar eltsenien. Sels wannear't de doarren twongen ticht binne foar publyk troch it coronafirus. De skouboarch wol mei it inisjatyf in sinjaal ôfjaan fan hoop en ynspiraasje en dat it der ek noch moai útsjocht.

Kanvas

It giet om twa mediakeunstprojeksjes mei as titel 'Canvas', wêrby't De Harmonie as 'doek' it útgongspunt is. Fan nijjiersdei ôf is de earste film alle jûnen sichtber. De projeksjes hawwe gjin ferhaalline, wêrtroch't it net nedich is om stean te bliuwen. Dat is dan ek net de bedoeling. It aardige is dat foarbygongers hieltyd wer wat oars te sjen krije.
It wurk fan mediakeunstner Frouke ten Velden wie earder ek te sjen by ûnder oare it Van Gogh Museum, it Anne Frank-hûs, it Fries Museum en Museum Princessehof.
Jelle van der Meulen fan De Harmonie