1.000 oaljekoeken foar âlderein seinge troch de pastoar fan Snits

29 des 2020 - 17:19

"Het is bijzonder dat mensen weten dat er aan hen wordt gedacht, al is het maar met een oliebol die langs wordt gebracht," dat seit pastoar Peter van der Weide fan Snits. Hy hat tiisdei 1.000 oaljekoeken seinge mei wijwetter. De oaljekoeken binne makke troch bakkerij Venema Food en wurde delbrocht by âlderein yn de omkriten fan Snits.

Seinge oaljekoeken

"Ik spreek een kort gebed uit en dan zal ik de oliebollen zegenen. In de naam van de Vader, de Zoon en de Heilige Geest, amen. Goede God, vaak danken wij u voor Uw gave als we aan tafel gaan en samen gaan eten voor de vruchten van de aarde. In deze zaak worden miljoenen oliebollen gebakken waar mensen zich mee kunnen voeden en waardoor ze voelen: we doen iets samen," sa seit pastoar Van der Weide fan de Sint Antonius van Padua parochy.

Foar Staphan Venema is it noch in flinke put om alles klear te krijen. "Wy begjinne healwei oktober en fan de krystdagen ôf is it allinne mar farsk bakke. Dizze oaljekoeken en appelbollen geane nei de tehuzen ta foar de âlderein."

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Yn it coronajier nei de minsken ta

It idee foar de oaljekoeken komt ek by him wei. "Wy sponsorje elts jier mei Heel Sneek Zingt wy oaljekoeken foar de katolike tsjerke. Dat koe net trochgean dit jier. Dus doe tochten wy: as wy se no ynseingje en nei de tehuzen ta bringe. Dat fûnen sy in prachtich idee."

It giet net sasear oer de oaljekoeken, mar mear om it gebear, jout de pastoar oan. Dat we zo dadelijk naar mensen toe gaan, naar tehuizen, verpleeghuizen en woningen waar oudere mensen wonen. Er kan niet zoveel in deze tijd, maar alleen al dat mensen ons even zien namens de kerk en de gemeenschap, dat doet goed," seit Van der Weide.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)