Vissersbond: "Fiskerijdeal is better as gjin deal, mar noch soad ûnwis"

29 des 2020 - 16:56

In soad fiskers yn Europa fine dat sy de rekken betelje foar it hannelsferdrach tusken de Europeeske Uny en it Feriene Keninkryk mei de Brexit. Der komt gjin ynfierbelesting foar beide partijen, mar Europeeske fiskers moatte aanst in fjirde part fan de fangstrjochten ôfstean yn Britsk wetter, mei in oergongsperioade fan 5,5 jier. In deal is better as gjin deal, seit Johan Nooitgedagt fan de Nederlandse Vissersbond, mar der is ek noch in soad ûnwissens.

Fiskersboaten yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

"It hie noch slimmer kinnen, want as der in akkoart út komt dat wy net yn Britsk wetter fiskje meie, dan is dat folle minder," seit Nooitgedagt, dy't fan De Lemmer komt. "Myn grutste beswier is dat dit sa'n 5,5 jier duorret: mar wêr steane je dêrnei? Dan wolle sy noch mear hawwe. It is dreech ûnderhanneljen as je neat efter de hân hawwe. Wy hiene no in hannelsakkoart mei de hiele Europeeske Uny efter de hân. Dat wol sizze: as wy net yn harren wetter fiskje meie, dan mei Ingelân net eksportearje nei de EU. En sy hawwe fansels konsuminten nedich."

Papierwurk

In soad papierwurk is noch net yn oarder, fynt Nooitgedagt. "Net eltsenien wit wat de útwurking is fan dy 2.000 siden. Dus de earste dagen sil der wol wat kûlantens wêze moatte. Der is wol sein dat der marineskippen klear lizze om minsken oan te hâlden as der wat mislearret, mar dat is net winsklik."

Kompensaasje

Der binne gjin Fryske fiskers aktyf yn Britsk wetter, mar bygelyks wol fiskers fan Urk dy't op de haven fan Harns farre. Der komt in kompensaasje foar de fiskers no't sy 25 persint minder fiskje meie. Nooitgedagt: "Der leit 650 miljoen euro klear yn Brussel foar de Europeeske fiskerij, benammen Ierlân, Frankryk en Nederlân hawwe hjir in soad skea fan. It jild moat dus ferparte wurde oer de lannen en dêrnei oer de fiskers. Der is noch wol wat te dwaan de kommende tiid."

De ûnwissels is dus noch grut. "Somtiden moatte je ynvestearje en mei in bank prate. Dus dat is foar in ûndernimmer net sûn, dy ûnwissens," seit Nooitgedagt ta beslút.

Johan Nooitgedacht fan de Nederlandse Vissersbond

(Advertinsje)
(Advertinsje)