Omrop TIP: Omrop Fryslân stjoert programma's oer Teake van der Meer út

Teätermakker Teake van der Meer fan De Westereen is moandeitemiddei op 83-jierrige leeftiid ferstoarn. As earbetoan stjoert Omrop Fryslân tiisdei 29 en woansdei 30 desimber om 20.30 oere Typysk Teake út. Op âldjiersdei om 20.30 oere stjoert Omrop Fryslân in kompilaasje út fan Lytse Teake.
© Omrop Fryslân
Typysk Teake is in programma út 2011. Eelke Lok prate yn de twadielige rige mei Teake van der Meer oer hoe't syn typkes ta stân kamen en wêr't er syn ynspiraasje opdie. Typysk Teake is op tiisdei 29 en woansdei 30 desimber yn twa dielen te sjen, beide jûnen om 20.30 oere by Omrop Fryslân op telefyzje.

Sketches op âldjiersdei

Op âldjiersdei stjoert Omrop Fryslân in kompilaasje fan Teake syn hilaryske sketches út. De sketches binne ôfkomstich út eigen registraasjes fan Omrop Fryslân. Lytse Teake op âldjiersdei is te sjen om 20.30 oere.