Milieudefensie Leeuwarden wol gjin huzen yn De Him fanwegen greidefûgels

Milieudefensie Leeuwarden is net wiis mei de plannen fan wethâlder Hein de Haan om huzen te bouwen yn De Him, súdlik fan Ljouwert. De lokale ôfdieling van de feriening Milieudefensie wol just dat der krûdryk gers komt, sa skriuwe de leden yn in brief.
In tsjirk siket yn in sleat nei fretten yn de Warkumerwaard © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De Hounspolder is noch it iennige gebiet yn de Zuidlanden dêr't alle jierren in soad greidefûgels briede, sa skriuwt de ôfdieling. Doe't de wyk Wiarda der kaam, hawwe frijwilligers alles op alles set om de skries, ljip en tsjirk te behâlden.

Wenten

Wethâlder De Haan hat skreaun dat hy de Hounspolder koesterje wol. Mar, sa lit Milieurdefensie Leeuwarden witte: "Als wethouder De Haan echt de Hounspolder wil koesteren en beschermen dan moeten er geen woningen komen in de Hem." As der wol wenten komme, is it gebiet neffens de ôfdieling ferlern foar de greidefûgels. As der binnen 300 meter boud wurdt, komme der al minder fûgels. En bart dat binnen 50 meter, dan giet de briedpopulaasje ferlern.
Milieudefensie Leeuwarden wol yn stee dat der krûdryk gers oanlein wurdt en dat it boatsjeferkear oer de Wirdumerfeart yn de briedperioade omlaat wurdt.