Harns pleatst kamera's yn wyk Oosterpark fanwege brânstichtingen

29 des 2020 - 15:30

De gemeente Harns hat yn de wyk Oosterpark en by it wensoarchsintrum De Batting kamera's pleatst. Der is mear tafersjoch nedich omdat der yn de ôfrûne tiid meardere kearen besocht is brân te stichten. Yn oerlis mei de plysje hat de gemeente dêrom sân kamera's pleatst. Omwenners hawwe berjocht hân fan de plysje.

De Batting yn Harns - Foto: Google Street View

De kamera's binne tydlik, jout de gemeente oan. De gemeente mei de kamera's pleatste foar de iepenbiere oarde en feiligens. De kamera's steane op peallen op sintrale plakken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)