203 nije coronabesmettingen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 203 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. It binne der 35 mear as moandei, doe't 168 gefallen meld waarden. It deistige tal meldingen kin aardich skommelje en dat hat te krijen mei de feestdagen.
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
Yn de gemeente Ljouwert binne moandei de measte nije besmettingen meld: 37. Dêrnei folgje Súdwest-Fryslân mei 35 besmettingen en Hearrenfean mei 20 besmettingen.

Fiif minsken ferstoarn

Fiif minsken binne yn de ôfrûne dei ferstoarn oan it firus yn Fryslân: twa yn gemeente Ljouwert, twa yn Noardeast-Fryslân en ien yn Dantumadiel. Der binne twa minsken it sikehûs yn rekke yn Fryslân: ien persoan yn Waadhoeke en ien persoan yn Ljouwert.

Minder testen mei de feestdagen

It werklike tal besmettingen leit mooglik heger. It die bliken dat mei de feestdagen minder minsken har teste litten hawwe. "Tussen de 1.000 en 1.300 de afgelopen dagen, terwijl we eerder meer dan 2.000 testten", sei GGD-dokter Everhard Hofstra earder tsjin Omrop Fryslân. "Maar per 100 testen vinden we nog wel steeds net zoveel positieve gevallen als eerst. De komende dagen gaan uitwijzen wat er werkelijk is gebeurd met de kerst."
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.