Ferplichte behanneling foar ferslave ynwenner Damwâld: "Ien tizeboel by dizze man"

Boargemaster Klaas Agricola fan Dantumadiel hat de rjochtbank frege om in 33-jierrige ynwenner fan Damwâld in behanneling op te lizzen. De Damwâldster is drugsferslave en liket hieltyd fierder ôf te glydzjen.
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
De man út Damwâld moast tiisdei foar de rjochter ferskine foar ferskate feiten, mar kaam net opdagen. De boargemaster makket him soargen oer de man. "It wie twa minuten foar tolven", leit Klaas Agricola fan Dantumadiel út. "Dan kinst fuortsjen of do kinst wat dwaan. Ik kies der dan foar om wat te dwaan."

'Ien grutte gaos'

Agricola hie by de man thús west en dêr wie it ien grutte gaos. "Hy fersoarget himsels ek net mear. It is ien tizeboel by dizze man." De man wegere neffens Agricola alle help. Der is besocht om helpferliening op gong te setten, mar dat slagge net.
Agricola skreau de rjochtbank dêrom in brief mei de fraach om de man ferplicht behannelje te litten. De dei foar de krystdagen is de Damwâldster opnaam by de GGZ. "We hoopje dat mei dizze ferplichte opname it fierdere soarchtrajekt yn gong setten wurde kin. Je moatte op de goede manier soargje foar al je ynwenners."

Efterfolging

Foarich jier en yn maaie dit jier kaam de Damwâldster ferskate kearen yn oanrekking mei de plysje. Under oare by in wylde efterfolging oer de Sintrale As, op 19 maart foarich jier, wêrby't er hurder as 200 kilometer yn 'e oere ried. Yn syn wenplak waard er dêrnei oppakt.
De man syn rydbewiis is in skoft lyn al ûnjildich ferklearre. De rjochter pleatste de man ûnder tafersjoch fan de ferslavingssoarch en bepaalde dat er in ambulante behanneling ûndergean moat. De man krige in moanne sel mei dêrboppe-op twa moannen ûnder betingst, foar yn totaal sân strafbere feiten.
Boargemaster Klaas Agricola fan Dantumadiel