Rêdingsbrigade ropt op: doch gjin nijjiersdûk, bliuw thús

29 des 2020 - 13:58

Dûk op 1 jannewaris net it wetter yn: dat is de oprop fan de Nederlânske Reddingsbrigade. Gewoanwei dûke tsientûzenen minsken troch it hiele lân mei it nije jier de see yn om in nije jier yn te lieden, ek op ferskate plakken yn Fryslân. Mar dit jier is dat gefaarlik.

De nijjiersdûk yn Hylpen, begjin 2019 - Foto: Joh. de Vlugt

Dat it gefaarlik is, hat ferskate redenen, seit Tjeerd van der Meer. Hy is foarsitter fan de Fryske rêdingsbrigade. "It wetter is no in graad as 7 yn it bûtenwetter, dat is ôfgryslik kâld. Under de 15 graden kin it lichem eins net oan. Dan krijst kramp, rekkest frij fluch ûnderkuolle en kinst yn shock reitsje."

Gewoanwei stiet de rêdingsbrigade yn it wetter en lâns de kant. "Dat is benammen previntyf. We sykje earst de boaiem ôf om te sjen oft der bygelyks ek glês yn it wetter leit. En as de dûk plakfynt, steane we yn it wetter en lâns de kant."

Gjin lifeguards lâns de kant

Dit jier bliuwe de lifeguards thús. "We roppe se ek op om thús te bliuwen. Want as der dochs lifeguards lâns de kant steane, wurdt it oantrekliker om der dochs yn te springen. Dêrom binne we der net by." Van der Meer hat ek gjin advizen foar minsken dy't dochs it wetter yn wolle: "It iennige boadskip is: bliuw gewoan thús."

(Advertinsje)
(Advertinsje)