Buma slút hûs oan de Ljouwerter Voorstreek om 905 himpplanten

29 des 2020 - 13:08

Boargemaster Buma fan Ljouwert hat tiisdei in hûs oan de Voorstreek yn Ljouwert slute litten om't de plysje dêr 905 himpplanten fûn hat. Yn it gebou lei ek materiaal dat brûkt wurde kin foar himptylt, lykas groeitinten en koalstoffilters.

Foto: Shutterstock.com (Dmytro Tyshchenko)

De plysje fûn de drugs op 26 oktober al. Buma woe it gebou mids desimber al slute, mar de bewenner wie it der net mei iens en stapte nei de rjochter. Dy hat de boargemaster no gelyk jûn, wêrtroch't it hûs dochs ticht giet. It gebou moat trije moannen ticht bliuwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)