Rek is derút by Fryske sikehuzen: "Op een gegeven moment houdt het op"

29 des 2020 - 12:42

De rek is der wol sa'n bytsje út yn de sikehûzen. Dat seit Ate van der Zee, foarsitter fan it Regionaal Overleg Acute Zorg. Dat hâldt de kapasiteit fan de bêden op de intensive cares yn de gaten. "Er is en wordt zó'n groot beroep gedaan op het personeel", seit Van der Zee. "Die moeten zich tot het uiterste inspannen."

Foto: ANP

Yn hiel Nederlân is de druk op de sikehûzen grut. As yn in sikehûs yn de noardlike trije provinsjes te drok wurdt, wurdt earst sjoen nei in oar sikehûs yn dyselde regio. Om dat fol te hâlden, sjocht it ROAZ no oft se wer mear bêden foar coronapasjinten frijhâlde kinne. "Dat betekent ook dat je personeel moet inzetten voor die bedden, die zet je nu in voor andere zorg. Op een gegeven moment houdt dat op."

92 coronapasjinten yn Fryske sikehûzen

Doe't Nederlân te krijen hie mei de earste coronagolf, yn de maitiid, wiene de grutste problemen yn Noard-Brabân. De sikehûzen yn Noard-Nederlân ha doe in soad pasjinten oernaam út oare regio's. "Maar nu komen er ook veel patiënten uit de noordelijke regio's." Neffens de lêste sifers lizze der 92 coronapasjinten yn de fjouwer Fryske sikehûzen. Yn hiel Noard-Nederlân byelkoar binne it der 214.

"De voorspelling is dat het de komende week verder op gaat lopen", seit Van der Zee. Dat is in probleem, want de noardlike sikehûzen moatte in kapasiteit fan 250 bêden ha. Op it stuit is der genôch kapasiteit, mar lanlik is de druk noch heger, wêrtroch't der hieltyd mear romte frege wurdt yn it Noarden. "We zijn nu druk bezig met opschalen, zowel voor deze week als voor volgende week." De sikehûzen yn Noard-Nederlân ha dêroer tiisdeitemiddei wer oerlis.

Besetting ic-bêden Fryske sikehûzen

Sikehûs Beset Totaal
MCL 12 16
Nij Smellinghe 6 8
Tsjongerskâns 5 8
Antonius 5 7
(Advertinsje)
(Advertinsje)