Carla de Bruine komt mei 'Skriem om my' nij binnen op 11 yn Fryske top 100

29 des 2020 - 11:53

Njoggentich fan de hûndert nûmers yn de Fryske top 100 binne bekend. De top-10 wurdt pas op âldjiersdei bekend makke yn de útstjoering. Opfallend oan de oare njoggentich nûmers is 'Skriem om my' fan Carla de Bruine. Dat komt nij binnen op plak 11.

Carla de Bruine - Foto: Omrop Fryslân

'Skriem om my' is ôfrûne jier spesjaal produsearre en opnaam foar it filmprojekt fan Steven de Jong oer Grutte Pier. Noch in hege nije binnenkommer is de remix fan ''t Woanskip' troch Pieter Sahieter, dy stiet op plak 19.

Hûnewipperrock, Las Bandidas en Harkemase Boys

Yn totaal binne der sechstjin nije binnenkommers tusken plakken 11 en 100. It is goed te sjen dat der aksjefierd is foar guon nûmers, want dy binne troch in soad minsken op 1 set yn de persoanlike listen. Dat binne bygelyks 'Hûnewipperrock' fan Corneum (op 24), 'It brûst' fan Las Bandidas (op 36), it klupliet fan fuotbalklup Harkemase Boys op 80 en de Paesens Riders mei 'Gelfke hat in Polo' (op 93).

Coronamuzyk

It thús bliuwen bringt it Fryske publyk massaal oan it stimmen: 10.497 minsken ha har fiif favorite Frysktalige ferskes trochjûn, dat is in rekôr. In protte lieten dy't keazen wurde, litte in coronaeffekt sjen. Sa komt Joop Spykstra mei it liet 'Leve yn Corona tiid' binnen op 29. Sander Metz, dy't in protte muzyk makket yn fersoargingshuzen, stiet mei 'As it libben mistich wurdt' op 44.

Piter Wilkens komt ek dit jier wer it faakst foar yn de top 100, mei acht ferskate nûmers.

Carla de Bruine is tige wiis mei it plak yn de list

Omrop Fryslân stjoert de Fryske top 100 út op âldjiersdei fan 6.00 oant 18.00 oere. Dan wurdt ek de top-10 bekend. De jukebox, de haadpriis ûnder de stimmers op de Fryske top 100, wurdt oan de ein fan de dei útrikt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)