Fûns jout hast 300.000 euro oan 23 inisjativen yn Noardwest-Fryslân

29 des 2020 - 11:10

It Iepen Mienskipsfûns jout hast 300.000 euro oan 23 leefberheidsprojekten yn it Noardwesten fan de provinsje. Der giet ûnder oare sa'n 14.000 euro nei it doarpshûs fan Doanjum. Dat is enerzjyneutraal makke en modernisearre. Dat skeelt ek wer in grutte kostepost.

It doarpshûs fan Doanjum - Foto: Provinsje Fryslân

Der binne sinnepanielen lein op it gebou yn Doanjum, en ek ledferljochting en flierferwaarming oanlein. Fierder komt der in skodoar, sadat de ferbining mei it njonkenlizzende keatsfjild better is.

Jild foar keatsen

Yn Goutum giet hast 20.000 euro nei de keatsklup. Dy wolle in keatsmuorre oanlizze, in eigen kompetysje begjinne en meidwaan oan de KNKB-kompetysje. De KNKB sels krijt ek hast 20.000 euro foar de oanlis fan in mobile keatsmuorre yn de gemeente Waadhoeke. Dat moat de sport wallball fergrutsje op in leechdrompelige wize.

(Advertinsje)
(Advertinsje)