Noarderlingen ferwachtsje net in soad fan plysje nei oanjefte fan oplichting

Ynwenners fan Fryslân, Grinslân en Drinte dy't oplichte binne, ha net it idee dat it doel hat om oanjefte te dwaan. Jild of guod dat stellen wurdt, sjogge net in soad minsken ea werom. Dy befiningen die it telefyzjeprogramma Opgelicht?! nei in enkête mei 20.000 leden fan it Radar Testpanel.
It plysjeburo yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It Noarden is net unyk: oare Nederlanners oardielje itselde oer it dwaan fan oanjefte nei oplichting. Ien tredde fan de panelleden seit wolris oplichte te wêzen en sawat de helte dêrfan die oanjefte by de plysje. Fan de groep dy't oanjefte die fan oplichting, seit de helte dêr nea mear wat fan heard te hawwen. In kwart krige it berjocht fan de plysje dat de saak net oppakt wurde soe.
Oer it algemien fiele de minsken dy't oanjefte dogge harren goed heard en holpen troch de plysje. Dochs ha de measten dêrnei net in soad betrouwen yn in goeie ôfrin. Dat gefoel komt net út de loft fallen, want lanlik wurde de ôfrûne jierren hieltyd minder oplichtingssaken oplost.

Guod of jild kwyt

De plysje koe yn 2019 yn it Noarden mar yn twa prosint fan de registrearre oplichtingssaken in fertochte oanwize, blykt út de meast resinte plysjesifers. Net dúdlik is yn hoefolle saken oft ek echt in feroardieling plakfûn hat.
De dielnimmers fan de enkête krigen hast nea in befredigjend gefoel nei harren oanjefte. Fan harren seach 80 prosint nea mear wat werom fan harren stellen jild of guod. De helte fan de minsken seit dat de dieder nea arrestearre is en goed ien tredde wit net oft de plysje ea ien te pakken krigen hat yn harren saak. In grutte groep tinkt dat dat komt trochdat de saak net of net folslein opnaam is yn de oanjefte.

Personielstekoart

De Eenheid Noord-Nederland, dêr't de trije noardlike provinsjes ûnder falle, komt hannen tekoart efter de oanjeftedesk. Dat blykt út sikken dy't yn hannen binne fan RTV Drente, RTV Noord en Omrop Fryslân nei in berop op de Wet openbaarheid van bestuur (Wob) by de plysje. Der is ek mear personiel nedich by de taktyske opspoaring. Dat binne de aginten dy't úteinlik oan de slach moatte mei de oanjeften.
Foar in baan efter de oanjeftedesk is hast gjin wiidweidige oplieding nedich. Yn de measte gefallen binne in mbo-3-diploma en in ôfrûne BOA-oplieding foldwaande. Hoechst gjin plysjeoplieding te folgjen. It is foar de Eenheid Noord-Nederland allinnich lestich om nij personiel oan te nimmen, omdat der op papier al te folle minsken by de ienheid wurkje.

Aginten kritysk

Opgelicht?! hat ek in enkête ûnder 700 plysje meiwurkers hâlden. Dêrút kaam dat trijekwart fan harren tinkt dat minsken in te hege ferwachting ha fan it dwaan fan oanjefte. Ien tredde fan de aginten fynt it oanjefteproses by oplichting ûnfoldwaande of sels hiel min.
De plysjefunksjonarissen jouwe oan dat it net altyd slagget om in folsleine oanjefte op te nimmen. Se lizze de skuld dêrfan meastal by de boarger, omdat dy net dúdlik genôch wêze soe. Opmerklik, omdat it de taak is fan de meiwurkers fan de oanjeftedesk om derfoar te soargjen dat in oanjefte helder opnaam wurdt.
Dêrneist seit goed ien tredde fan de plysjemeiwurkers dy't oanjeften opnimme, it net altyd nuttich te finen om in folsleine oanjefte op te nimmen, omdat it dochs net oppakt wurdt. Dêrmei giet de ferbalisant yn feite op de stoel sitten fan de offisier fan justysje, troch te bepalen oft der mei in saak wol of net wat dien wurdt. De plysje is sels wetlik ferplicht om in oanjefte op te nimmen as in boarger oanjefte dwaan komt.

Digitale oanjefte

Yn in reaksje op de enkête seit de plysje dat it oanjefteproses noch yn ûntwikkeling is. "De afgelopen jaren hebben we veel geïnvesteerd in de mogelijkheid om digitaal aangifte of melding te doen: zo is de drempel minder groot en de doorlooptijd sneller. Door digitaal aangifte te doen zijn er lang niet altijd politiemedewerkers betrokken zoals bij aangiftes aan een politiebureau", skriuwt de politie.
Het is onmogelijk dat de politie alle oplichtingszaken oplost. Daarom kijken we, zeker bij kleinere zaken, niet zozeer naar individueel niveau maar naar fenomenen.
Skriftlike reaksje plysje Noard-Nederlân
Oer de lege ferwachtingen fan minsken dy't oanjefte dogge, skriuwt de plysje: "Iedereen die aangifte doet bij de politie heeft een eigen verwachting over de afloop van een zaak. Het is onmogelijk dat de politie alle oplichtingszaken oplost. Daarom kijken we, zeker bij kleinere zaken, niet zo zeer naar individueel niveau maar naar fenomenen." De plysje werkent de lege ferwachtingen wol. "We zien dat als een van de ontwikkelpunten om onze dienstverlening en communicatie te verbeteren."
De plysje wiist derop dat der dit jier in soad dien is oan previnsje fan oplichting. "Juist omdat we digitale oplichtingszaken in coronatijd zien stijgen. Zo is er dit jaar de mogelijkheid gecreëerd van internetaangifte voor een vriend in nood, whatsappfraude, internetfraude, onder andere in reactie op de veranderende behoefte en vraag van burgers."
Jûn is om 21.30 oere mear omtinken foar it ûndersyk fan it telefyzjeprogramma Opgelicht?! op NPO 1.