Opnij brân yn Twizelerheide, nettsjinsteande needferoardering

It hat yn de nacht fan moandei op tiisdei opnij ûnrêstich west yn Twizelerheide. Oan de Skoalstrjitte yn it doarp is in stapel pallets yn 'e brân stutsen. Yn dat gebiet jildt in needferoardering.
© De Vries Media
Boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen hat in goeie wike lyn de needferoardering ynsteld foar it gebiet, omdat it der faak ûnrêstich wie. Mar ek sûnt dy needferoardering fan krêft is, hat it al ferskate kearen ûnrêstich west.
De brânwacht fan de Westereen hie de brân diskear gau út.

Bushokjes fernield yn De Lege Geaen

Yn de omkriten fan De Lege Geaen hat it de ôfrûne dagen ûnrêstich west. Der binne seis bushokjes fernield. De glêzen binne stikken makke en oare skerms binne ek fernield. It giet om de doarpen Gau, Sibrandabuorren, Tersoal, Poppenwier en Dearsum. De plysje en hanthavening fan Súdwest-Fryslân freegje tsjûgen om har te melden.