Kollum: "Ingels op crocs"

29 des 2020 - 08:20

"Kryst is de tiid fan ingels. Dy komme yn soarten en maten, mar allegear ha se wjokken en wite jurken oan. Guon ha de hannen gear om te bidden, oaren brûke dy om op in harp te spyljen of om in bazún beet te hâlden dêr't se al fleanendewize op blaze. Der binne ek ingels dy't in soarte fan sjaal ha dêr't gloria in excelsis deo op stiet, en nee, dat giet net oer Excelsior út Rotterdam.

Willem Schoorstra - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Willem Schoorstra

Ingels, dus. Boppenatuerlike skepsels dy't funksjonearje as godlike boadskippers en as beskermers fan de minske. Jo leauwe deryn of jo leauwe der net yn. Myn persoanlike ûnderfining is dat se bestean. Mar de ingels dy't ik gewaarwurd ha gjin wjokken, blaze net op in bazún en rinne 99,9% fan 'e tiid op crocs. Dy ingels hjitte fan Larissa, fan Maaike, Chantal, Germ, Asha of Harmke. Se fleane net, mar ride yn in auto nei minsken dy't help nedich ha. Yn waar en wyn, by nacht en ûntiid.

Sokke ingels stean by in bêd yn in sikehûs om minsken oan te fjurjen of gerêst te stellen, te bemoedigjen en om se nei bêste fermogens te fersoargjen. It binne ingels mei brune pûden ûnder de eagen, mei skrale hannen en útslach by de noas en om de mûle dêr't allegeduerigen it kapke sit. It binne skepsels dy't dûbelde en soms trijedûbelde tsjinsten draaie. Nettsjinsteande seare skonken, in pynlike rêch en in wurgens dêr't se steande fan sliepe kinne, binne se foarbylden fan ûnbaatsuchtigens.

Sokke ingels binne net boppenatuerlik. Der sitte grinzen oan wat se kinne en dogge. Se reitsje ynein en moatte knokke om troch te setten. Dat jildt net allinne foar it liif, mar ek foar de kop. Alle dagen fiele se ommers de emosjonele lêst fan spanning en rou. Moatte se ynkassearje dat net elkenien te rêden is, omgean mei famylje fan pasjinten dy't min lizze of weireitsje. Dat binne de ingels dy't ik gewaarwurd.

Yn it begjin fan dit jier ha wy foar harren yn de hannen klapt. In skoftke letter krigen se in hjerring foar de muoite, in krats fan 1000,- euro en op 't lêst noch in feech út 'e panne fan Jaap van Dissel.

It is om jin dea te skamjen. De soarch is der foar de maatskippij, de maatskippij is der lykwols net foar de soarch. Echte ingels wurde ôfstegere mei in foai, wurde sa min wurdearre dat se net iens in hypoteek krije kinne, of binne net by steat om de hier fan in hûs te beteljen.

It is de heechste tiid dat de soarch lean nei wurkjen kriget, respekt en erkenning, genôch kollega's en middels om it wurk goed oan te kinnen. Lit dat it grutte foarnimmen fan 2021 wêze. Want it binne de ingels op crocs dy't wy it aldermeaste nedich ha. Dy't echt bestean en ús alle dagen helpe."

(Advertinsje)
(Advertinsje)