300 frijwilligers yn Seisbierrum en Pitersbierrum yn aksje foar doarpssintrum

Seisbierrum en Pitersbierrum binne hurd oan it wurk om it jild byinoar te krijen foar de bou fan in doarpssintrum. Dat moat in multyfunksjonele akkommodaasje (MFA) wurde dêr't doarpshûs, tsjerke- en gymnastykseal byinoar komme. De plannen besteane al langer as sân jier, mar ferline jier is it idee yn in streamfersnelling kaam.
Doarpshûs it Waed yn Seisbierrum © Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
"Doe hat de gemeente it omearme", fertelt Jelle Jan Wissmann fan it doarpsbelang. "It draachflak yn it doarp is dêrnei enoarm wurden. We ha 300 frijwilligers op papier dy't wol oan de slach woenen."

Oar wurk troch corona

Doarpsbelang hat dêrnei wurk socht foar elkenien dy't meihelpe woe. "We dogge no yn- en ompakwurk. De earste moannen makken we folderpakketsjes, mar dat foel fuort troch de coronakrisis. Doe ha we om tafel sitten mei it bedriuw út Frjentsjer dêr't we dit wurk mei dogge. Se ha no hiel oar wurk foar ús, bygelyks stikkers plakke. Mar it is hiel divers." Earder koe dat noch yn it kluphûs, no dogge de measte minsken it wurk thús.
Yn totaal is sa'n 2,2 miljoen euro nedich. De doarpen tikje de 2 miljoen hast oan. En sa'n 300 minsken wolle dus wol meihelpe. "Der is absolút ferlet fan de MFA", fertelt Wissmann. "Minsken wolle graach dat it gebeurt. De ien wol wol helpe by it slopen, in oar wol skilderje en der binne guon dy't goed binne mei it papierwurk."
Minsken dy't hjir mei-inoar foar stride. Dêr sit foar ús foaral de winst.
Jelle Jan Wissmann fan doarpsbelang Seisbierrum-Pitersbierrum
Noch in pear ton is der nedich, dan kin it echt allegear los. "It giet knap yn de goede rjochting. Der moat noch wol wat gebeure, mar in jier lyn hienen we net tocht dat we no al sa fier wêze soene." Dat it sa goed giet mei it ynsammeljen fan jild is prachtich, seit Wissmann, mar net iens it wichtichste: "It aldermoaiste is de mienskip dy't ûntstiet. Minsken dy't hjir mei-inoar foar stride. Dêr sit foar ús foaral de winst."
De hoop is dat de bou fan de multyfunksjonele akkommodaasje yn 2021 úteinsette kin.