Rekôr nei rekôr yn Thialf ferstommet krityk oer iiskwaliteit

De kwaliteit fan it iis yn Thialf is al moannen ûnderwerp fan petear. No ha der krekt trije dagen topreedriden west yn Thialf, wêrby't yn totaal 104 persoanlike rekôrs ferbrutsen waarden. Better koe net, wat Thialf-direkteur Marc Winters oanbelanget. "Ik zal niet ontkennen dat het goed uitkwam dat juist dit weekend deze records werden gereden."
Marc Winters fan Thialf © Orange Pictures
Direkteur Marc Winters oer in topwykein foar it iis yn Thialf
Sven Kramer joech ferline wike oan dat it iis noch hieltyd in probleem wie en dat hy fûn dat it iis net konstant genôch wie. Hy iepene de oanfal op de nije iismakkers en de direksje fan it iisstadion.

Gjin lange noas

Winters is tefreden mei de kwaliteit fan it iis. "Het regende records, prachtig. Persoonlijke records én baanrecords." Mei as hichtepunt de 10 kilometer fan moandei, dêr't wrâldtoppers Patrick Roest en Jorrit Bergsma elk persoanlike rekôrs rieden. Roest ferbettere sels it baanrekôr en kaam yn de buert fan it wrâldrekôr.
In lange noas nei de kritisy makket Winters net: "We blijven bescheiden. Iedereen die iets vindt van het ijs, heeft per definitie gelijk. Daar luisteren we naar en werken we aan." Winters moat tajaan dat de goede prestaasjes net allinnich oan de kwaliteit fan it iis leine, de luchtdruk siet ek mei.

Kommunikaasje moast en is better

Der is aardich bot oan wurke, jout er oan. Mar neffens Winters koe benammen de kommunikaasje better yn de ôfrûne moanne. En Kramer fynt dat de bestjoerders harren gesicht wol wat faker sjen litte kinne by de iisflier. De sfear yn de Ljouwerter Alvestêdehal is bygelyks waarmer, neffens Kramer. "Dat heb ik ook gelezen", seit Winters. "Maar we zijn 60 à 70 uren per week bezig om Thialf door deze crisis heen te helpen. Ik ben wel verantwoordelijk voor de communicatie. Daar hebben we op ingezet en gelukkig ook goede reacties op gehad."