Hokker Fryske reedriders hawwe harren pleatst foar de ynternasjonale toernoaien?

De nasjonale reedrydtop hat fan sneon oant en mei moandei striden om startplakken foar de ynternasjonale wedstriden. Dat levere in soad Fryske winners op, mar fansels ek ferliezers. Hjirûnder in oersjoch fan de Fryske reedriders dy't harren pleatst hawwe foar de wrâldbekers, it EK allround, it EK sprint en it WK ôfstannen.
© Orange Pictures
Alle toernoaien wurde fanwegen de coronakrisis holden yn de reedrydbubbel op It Hearrenfean. De reedriders út binnen- en bûtenlân sitte fjouwer wiken lang yn in hotel yn Fryslân en meie dan gjin kontakt hawwe mei de bûtenwrâld.
De measte tickets wiene te ferdielen foar de twa wrâldbekerwedstriden. Op alle ôfstannen, útsein de 5.000 meter by de froulju en de 10.000 meter by de manlju leinen fiif tickets klear. Foar it WK ôfstannen wiene op elke ôfstân trije tickets te bemachtigjen.
Op de 1.000 en 5.000 meter moat Nederlân it tredde ticket lykwols noch wol feilich stelle by de wrâldbekers. Foar de 5.000 meter by de froulju en 10.000 meter by de manlju binne mar twa tickets te fertsjinjen.
Ta beslút stiene der yn Thialf ek noch twa tickets foar it EK sprint en twa tickets foar it EK allround op it spul. Hjirfoar waarden kombinearre klasseminten opmakke. De twa bêsten yn dy klasseminten binne wis fan in startplak.
© Orange Pictures

500 meter

Op de koartste sprintôfstân binne twa Friezinnen te bewûnderjen op it wrâldkampioenskip. Femke Kok fan Nij Beets en Suzanne Schulting fan It Hearrenfean rieden harren by de bêste fiif. Kok die dat sels yn de twadde tiid ea yn Thialf ferriden. Michelle de Jong fan Rottum einige as fjirde en mei nei de wrâldbeker. By de manlju slagge it Jesper Hospes net om him te pleatsen foar de ynternasjonale toernoaien. Hy waard sânde.

1.000 meter

Olympysk shorttrackkampioene Suzanne Schulting hie ek op dizze ôfstân súkses. Se ried in dik persoanlik rekôr en einige dêrmei as tredde. Dat is genôch foar in startplak op it WK. Kok en Antoinette de Jong waarden respektyflik fjirde en fiifde en meie dus nei de wrâldbekers. Yn it kombiklassemint fan de 500 en 1.000 meter wiene Kok en Schulting de twa bêsten. Dat levere dan wer in startplak op it EK sprint op. Jutta Leerdam waard yn dat klassemint net meinaam, om't sy har mei har titel op it NK sprint al pleatst hie.
By de manlju wie Jesper Hospes op it santjinde plak de bêste Fries. Hy kaam net yn oanmerking foar pleatsing foar it EK sprint.
Femke Kok en Ireen Wüst © Orange Pictures

De folsleine wrâldbekerseleksje:

500 meter:
1.000 meter:
1.500 meter:
3.000 meter:
5.000 meter:
Op de beide wrâldbekerwedstriden wurde gjin 10.000 meter (manlju) en 5.000 meter (froulju) riden.

1.500 meter

Ek op de 1.500 meter kaam it Fryske sukses fan de froulju. Antoinette de Jong en Ireen Wüst meie op it WK starte op dizze ôfstân. Se einigen op it kwalifikaasjetoernoai respektyflik as earste en twadde. By de manlju kamen de Friezen net yn de buert fan pleatsing. Marwin Talsma wie op it tsiende plak de bêste Fries.
Talsma pleatste him fia in kombyklassemint, besteande út dizze ôfstân en de 5.000 meter, lykwols wol foar it EK allround. De Grouster wie in stik flugger as Sven Kramer, dy't dêrmei bûten de boat foar de allround-tickets foel.

3.000 meter

Mei in baanrekôr stelde Antoinette de Jong snein har WK-ticket foar de 3.000 meter feilich. Ek Reina Anema fan De Gordyk, dy't fjirde waard, hat wat te fieren, want sy mei starte yn de wrâldbeker. Ireen Wüst waard teloarstellend achtste en hat dus gjin startplak. Dêrmei ferspile se ek har kâns op in ticket foar it EK allround. De Jong wie fanwegen har titel op it NK allround al wis fan in startplak.
Antoinette de Jong © Orange Pictures

EK allround & sprint

Sprint:
Allround:
It EK allround & sprint fynt 16 en 17 jannewaris plak yn Thialf.

5.000 meter

Op de fiif kilometer hie Sven Kramer wol sukses. De mearfâldich olympysk kampioen waard twadde en mei nei it WK. Dat jildt gewoanwei ek foar Jorrit Bergsma fan Aldeboarn, dy't tredde waard. Nederlân moat dat ticket op de wrâldbekers lykwols noch wol feilichstelle. Marwin Talsma miste op in pear hûndertsten dat tredde plak en is dus feroardiele ta de wrâldbekers.
By de froulju wie Reina Anema de iennige Fryske dielnimmer. It slagge har net om har te pleatsen foar it WK en dat wie in grutte teloarstelling. De reedrydster, dy't ek as skoaljuf foar de klasse stiet, stie nei ôfrin de parse mei triennen yn de eagen te wurd.

10.000 meter

Op de langste ôfstân wiene allinnich twa tickets foar it WK te ferdielen. Bergsma pakte dêr ien fan. Yn in sensasjonele race tsjin Patrick Roest wie hy flugger as it Nederlânsk rekôr. Roest wie lykwols noch wat flugger, wêrtroch it rekôr op syn namme komt.
Jorrit Bergsma © Orange Pictures

In oersjoch fan de riders op it WK ôfstannen:

500 meter:
1.000 meter:
1.500 meter:
3.000 meter:
5.000 meter:
10.000 meter:
*Op de 1.000 en 5.000 meter hat Nederlân mar twa startplakken, mar mooglik dat yn de wrâldbekerwedstriden noch in tredde ticket fertsjinne wurdt. Dan geane dy nei Wesly Dijs op de 1.000 meter en Jorrit Bergsma op de 5.000 meter.
It WK ôfstannen fynt plak fan tongersdei 11 febrewaris oant en mei snein 14 febrewaris yn Thialf.