Sjoernalist Sietse de Vries: "Teake wie in folkskomyk, der komt gjin opfolger"

28 des 2020 - 19:16

"Ik fûn Teake van der Meer gjin kabaretier, mear in folkskomyk. Hy brocht de humor fan it Fryske plattelân fan jierrren werom. Ik tink ek net dat der in opfolger foar Teake komt", seit Sietse de Vries oer de ferstoarne Teake van der Meer. As kultuerresinsint foar de Ljouwerter Krante hat er him in pear kear spyljen sjoen en him folge op in reis nei Amearika.

Teake van der Meer yn "sa kin't ek" - Foto: Omrop Fryslân

Mear as 50 jier luts "Lytse Teake" folle sealen. "Hy wie yn Fryslân echt grut, mar dêrbûten hat, tink ik, net ien fan him heard. Hy wie in regionale artyst, de 'enige in zijn soort', in absolút fakman. Op it poadium wie er folslein thús. Hy wie ek net senuwachtich en makke him nergens drok om. Hy wist dat de seal út syn hân iet. Op it poadium wie hy de baas. It wie syn habitat."

Syn iennige doel wie: de minsken fermeitsje. "Hy woe ek net oars. Hy hie net de ambysje om minsken ta in oar stânpunt te ferlieden of om op misstannnen yn de maatskippij te wizen."

Amearika

Teake van der Meer waard geregeld frege om foar de Friezen om utens yn Amearika op te treden, mar hy doarde net te fleanen, dus hy wegere altyd. "Mar op in stuit, ik tink sa'n tritich jier lyn, hie er dy eangst oerwûn en hat er nei Los Angeles west. As jonge sjoernalist hie ik de haadredaksje frege oft ik mei mocht. Hy hat dêr de stjerren fan de himel spile."

"De krante hie noch net sa faak oer him skreaun, om't we faak nije ûntwikkelingen folgje en Teake wie net fernijend. Hy hie himsels wat oanleard en dat hat er fyftich jier dien."

Stil en swiersettich

Bûten it poadium wie it in stil man. "Dat sei er ek altyd yn ynterviews. Yn selskip frege er net om oandacht. Hy hat syn frou net de earen fan holle kletst. Hy wie ek wol wat swiersettich en ek egosintrysk. Nei ôfrin fan de foarstelling gie er altyd fuort nei hûs, hy bleau net om noch wat nei te praten."

Sietse de Vries oer Teake van der Meer

Omrop Fryslân stjoert tiisdei 29 desimber om 20.30 oere Typysk Teake út, in programma út 2011. Eelke Lok prate dêryn mei Teake van der Meer oer hoe't syn typkes ta stân kamen en wêr't er syn ynspiraasje opdie.

Op âldjiersdei, 31 desimber, om 22.00 oere stjoere we in kompilaasje fan Lytse Teake út, dy't opnommen is yn desimber 2011.

(Advertinsje)
(Advertinsje)