Oanpak fan medisinetekoarten rint fertraging op; apoteker moat nee ferkeapje

28 des 2020 - 18:21

De oanpak fan medisinetekoarten yn Nederlân rint fertraging op, docht bliken út petearen mei belutsenen. Dat soe ûnder oare komme trochdat net dúdlik is wa't foar de oanfoljende foarried betelje moat en om't de coronakrisis de oandacht opeasket.

Foto: ANP

"It komt geregeld foar dat we nee ferkeapje moatte", fertelt Jouke de Jong, fan de Fryske apotekersferiening. Hy neamt de oprinnende tekoarten soarchlik.

De ekstra foarried moat der heal 2022 wêze. "Soks opbouwe kostet wol twa jier en it giet om jild. It is net dúdlik wa't dat betelje moat."

De tekoarten binne mondiaal, mar neffens De Jong is it ek in lanlik probleem. "In bepaald antystollingsmiddel is net yn Nederlân te krijen, mar wol yn Dútslân. En earder wie der in tekoart oan in antibioatikum by blaasûntstekking en it alternatyf wie in swierdere kuer, mar dan hast ek oare bywurkingen."

Jouke de Jong

(Advertinsje)
(Advertinsje)