Munysje yn de grûn by Koarnwert op plak fan oanlis wynpark Nij Hiddum-Houw

28 des 2020 - 17:57

By de oanlis fan it wynmûnepark Nij Hiddum-Houw by Koarnwert is munysje oantroffen. It giet nei alle gedachten om munysje út de Twadde Wrâldoarloch. Yn de maaiedagen fan 1940 is dêr fûleindich fochten, de Wûnsstelling en de Ofslútdyk wienen belangrike doelen foar de Dútske troepen. It fernuveret Henri Meijering fan it Kazemattenmuseum dan ek net dat dy eksplosiven dêr fûn binne.

Foto: Omrop Fryslân

"Dat was geen grote verrassing", seit Henri Meijering fan it Kazemattenmuseum. "Er waren 650 soldaten en die moesten de Duitsers tegenhouden. Er is een paar dagen flink gevochten. Maar met hun bewapening waren ze niet opgewassen tegen de Duitsers." De Dútsers koenen de stelling by Koarnwerterstân lykwols net feroverje.

Neffens Meijering moat der noch fan alles yn de grûn sitte. "Ik denk dat er in die hele omgeving nog veel ligt aan granaten. Er stond natuurlijk ook artillerie opgesteld, dus de kans is groot dat er granaten liggen die niet zijn ontploft."

Eksperts ha it plak ûndersocht en gean derfan út dat op 66 plakken achterbleaune munysje yn de grûn leit. It giet om hângranaten, geweargranaten, munysje foar granaatwerpers en geskutmunysje. Dy eksplosiven moatte earst opromme wurde foardat mei de oanlis fan de mûnen begûn wurde kin.

Henri Meijering fan it Kazemattenmuseum

(Advertinsje)
(Advertinsje)