Hantekenaksje tsjin sintralisearring keukens fan soarchoanbieder Patyna

28 des 2020 - 17:33

Der is ûnrêst oer de plannen fan soarchoanbieder Patyna om de keukens fan de ferskate soarchynstellingen te sintralisearjen. Patyna hat 25 lokaasjes yn Fryslân dêr't soarch bean wurdt oan âlderein. It keukenpersoniel is koartlyn mei in zoommeeting op 'e hichte steld fan de plannen. Imko Kimm, freon fan in bewenner, hat in hantekenaksje opset om de sintralisearring tsjin te gean.

Keukens Patyna

It plan is om de keukens yn de tehuzen te sluten en dêrfoar yn it plak in grutte sintrale keuken te meitsjen yn Boalsert. Dat sjit by in soad personielsleden en bewenners yn it ferkearde kielsgat. De sintralisearring soe de kwaliteit fan it iten nei ûnderen bringe en boppedat is it kredo 'tichter by de kliïnt' neffens harren folslein net fan tapassing. Op Facebook binne in soad lilke reaksjes op de foarnimmens.

Yn ferskate huzen fan de soarchoanbieder is it personiel oan mei de plannen. De coronakrisis soarget al foar in soad druk, in soad bewenners komme ferstjerre oan it firus en dan komt dit der ek noch by. Dat kinne se der eins net by ha, fertelt in meiwurker oan Omrop Fryslân.

Wij als overig personeel moesten dit lezen in de krant. Nooit zijn wij op de hoogte gebracht door Patyna, we moesten dit zelf maar lezen.

Namme bekend by de redaksje fan Omrop Fryslân

In oare anonime meiwurker fertelt yn in mail oan Omrop Fryslân dat allinnich it keukenpersoniel op 'e hichte brocht is. Oare meiwurkers moasten it fia de media hearre.

"Wij als overig personeel moesten dit lezen in de krant. Nooit zijn wij op de hoogte gebracht door Patyna, we moesten dit zelf maar lezen.

Zie, het eten is echt een beleving, de geur die 's ochtends al door het huis gaat, het geluid van pannen, de koks die met alle liefde het eten klaar maakt voor de mensen en die graag wat extra's doen. De bewoners die bij elkaar aan tafel zitten en zien hoe hard de koks werken om een perfecte maaltijd voor de bewoners klaar te maken. Ook voor bewoners met Dementie is een eigen keuken heel belangrijk, deze doelgroep eet namelijk al slecht maar door het verse eten en alle zintuigelijke prikkels die ze hierdoor krijgen eten ze wel beter. Wanneer het eten van buiten uit komt en simpel weg even wordt opgewarmd zul je zien dat de mensen veel minder goed gaan eten wat uiteindelijk ook weer risico's kent."

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Der is yntusken in protestaksje begûn troch de freon fan in bewenner, Imko Kimm. Hy hat brieven stjoerd nei bewenners fan alle lokaasjes. En hopet sa op in soad hantekens tsjin de sluting fan de keukens. De man wennet sels net yn ien fan de lokaasjes, mar lûkt him it ferhaal fan de koks en de bewenners oan.

Reaksje fan Patyna

Patyna sil tolve produksjekeukens werom bringe nei ien en dat kostet wurkgelegenheid, sa lit de soarchynstânsje witte yn in skriftlike reaksje. Ek de restaurants op de lokaasjes krije in minder promininte rol as it giet om it klearmeitsjen en iten fan mielen. Wol bliuwe de restaurants en húskeamers bestean. De plannen binne in foarnommen beslút en wurde noch foarlein oan de ûndernimmingsried en de sintrale kliïnteried. Nei dat advys nimt de Ried fan Bestjoer in definityf beslút.

De reorganiaasje sil gefolgen hawwe foar it keukenpersoniel. 'We streven ernaar om alle medewerkers die door deze ontwikkeling boventallig worden van werk naar werk begeleiden. Met de werknemersorganisaties zijn constructieve gesprekken gevoerd over een sociaal plan dat de sociale gevolgen van deze ontwikkeling moet opvangen', skriuwt Patyna.

It nije konsept fan iten en drinken bestiet út ferskate opsjes. Sa kinne bewenners sels it iten meitsje mei begelieding. Minsken kinne ek in diel sels meitsje en in diel bestelle, of hiele mielen kant en klear oanleverje litte.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Op Facebook hat in wurknimmer fan Patyna de soargen dield. Dêr is op reagearre troch bewenners, famylje en personiel. De nammen binne bekend by de redaksje fan Omrop Fryslân.

- 'Er is een financieel probleem binnen Patyna en dat moet worden opgelost en personeel kost veel geld dus wanneer je daar op gaat bezuinigingen maak je snel grote stappen, scoren dus, maar wel over de rug van mensen die zich dagelijks keihard inzetten voor onze cliënt om er een feestje van te maken, van Mei Elkoar is ook helemaal geen sprake meer.'

- Ook dat stuk over de fusie en dat men alleen nog maar in geld denkt. Een grote logge organisatie. Waarbij men bovenin geen feeling meer heeft met de mensen op de werkvloer. Anders stond je nu toch met het schaamrood op de kaken lijkt me? Maar wie neemt verantwoordelijkheid? Het kastje of de muur?

- Men vergeet wel eens dat in mensgerichte sectoren de mensen zelf de aller belangrijkste standaard zijn van het waarborgen van kwaliteit. Anyway.. dat met die gaarkeuken.. ze snijden zich lelijk in de vingers. Respect voor je openhartigheid. Het zou fijn zijn als degene die radicale besluiten nemen eens echt luisteren naar de mensen die het werk moeten doen.

- Dit heb je uitstekend onder woorden gebracht! Ontzettend triest ook ,niet alleen voor jullie maar zeker ook voor de bewoners die het kleine beetje huiskamer gevoel met jullie prachtige open keuken kwijtraken. Steeds méér vereenzaming en isolement. Mei Elkoar mogen ze echt niet meer als bedrijfsvisie gebruiken want dat slaat nergens meer op. Schandalig hoe een hele personeelsgroep afgeschaft wordt zónder pardon! Waaronder ook mijn dochter Marleen die zich al 6jaar keihard inzet en emotioneel ook zéér betrokken is. Nogmaals respect voor jou terechte uiting en sterkte.

- Als bewoner vind ik het wel heel raar dat wij niet zijn ingelicht.

- Mijn moeder 92 geniet elke dag van t heerlijke eten wat haar word geserveerd, zoals ze zelf zegt alsof ik elke dag uit ga, zo lekker met liefde uitgeserveerd.. snap niet waar Patyna mee bezig is zo jammer..

- Cliënten zelf koken... dat zou goedkoper zijn, gezelliger wat erg om te lezen.. wat een afbraak procedure is dit....prima omschreven en de vinger op de juiste plek

- Geld geld daar draait het om helaas..

(Advertinsje)
(Advertinsje)