Stedspoly Ljouwert begjint meikoarten: pasjint krijt advys fan medysk spesjalist

28 des 2020 - 17:23

Ljouwert krijt in stedspoly. Dy giet op 7 jannewaris fan start. By de poly wurde pasjinten yn de romte fan Dokterswacht Friesland sjoen troch in medysk spesjalist. Dy advisearret de húsdokter oer de fierdere behanneling.

Stedspoly Ljouwert

It is in gearwurkingsferbân tusken de húsdokterskorporaasje CoLeo, Ljouwerter medysk spesjalisten en it sikehûs MCL. De pasjint bliuwt yn de 'earste line' ûnder behanneling fan de húsdokter en nei ferwachting is it yn de measte gefallen net nedich om troch te ferwizen nei it sikehûs. Dat wurdt in saneamd meisjochkonsult neamd.

In fergelykber konsept wurdt al mei sukses tapast yn Maastricht. De Fryske fariant is ûntwikkele yn gearwurking mei soarchfersekerder De Friesland. It advys fan de medysk spesjalist oan de húsdokter kostet de pasjint gjin eigen risiko. Ynternist Froukje Ubels leit út hoe't it wurket en wat de foardielen binne.

"De bedoeling is dat huisartsen de patiënten kunnen doorverwijzen naar medisch specialisten om gebruik te maken van hun ervaring, kennis en kunde. De huisarts is en blijft hoofdbehandelaar maar kan met de kennis van de medisch specialist verder gaan in de behandeling. Het voordeel is dat de patiënt wel gebruik kan maken van de kennis van de medisch specialist, maar dat hij geen gebruik hoeft te maken van het ziekenhuis. Het consult is daardoor goedkoper, maar van dezelfde kwaliteit."

Ynternist Froukje Ubels

"Wêr't we der as húsdokters even net útkomme en tinke we ha de help fan in spesjalist nedich, ferwize we gewoanwei nei it sikehûs, mar aansen is dat net mear nedich", leit húsdokter Frederik Heeres út. "Dan krije we in advys werom fan de spesjalist. It foardiel foar de pasjint is dat dy yn de eigen fertroude omjouwing fierder behannele wurdt en it giet net te'n koste fan it eigen risiko."

It idee is ek dat mei dit inisjatyf de wachttiden yn it sikehûs ôfnimme.

Húsdokter Frederik Heeres

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)