Schulting pleatst har ek op 1.000 meter foar it WK, Kok komt krekt te koart

28 des 2020 - 17:13

Suzanne Schulting fan It Hearrenfean hat har moandeitemiddei op de 1.000 meter pleatst foar it WK ôfstannen. De Friezinne pakte earder ek al in ticket foar de 500 meter. Femke Kok fan Nij Beets waard fjirde op it kwalifikaasjetoernoai yn Thialf en mei dêrtroch op de 1.000 meter net nei it WK. Beide froulju pleatsten harren wol foar it EK sprint.

Wat stiet der op it programma en watfoar tickets binne der te ferdielen?

  • EK sprint (16-17 jannewaris): de earste twa oer in klassemint fan de 500 meter en de 1000 meter pleatse harren foar it EK allround. Jutta Leerdam en Hein Otterspeer ha harren op it NK Sprint al pleatst;
  • Twa World Cups (22-24 en 29-31 jannewaris): de bêste fiif op eltse ôfstân pleatse harren foar de wrâldbekers. Allinnich de 5000 meter foar de froulju en de 10.000 meter foar de manlju wurde net ferriden op de wrâldbekers;
  • WK ôfstannen (11-14 febrewaris): de bêste trije op eltse ôfstân pleatse harren foar it WK. Allinnich op de 1000 meter en 5000 meter by de manlju moat Nederlân op de wrâldbekers noch in tredde WK-ticket ôftwinge.

Alle wedstriden wurde yn it Thialfstadion holden.

De oerwinning op de 1.000 meter gie nei Jutta Leerdam mei 1.13,42. Jorien ter Mors pakte it twadde WK-ticket yn 1.13,70. In nij persoanlik rekôr fan 1.13,97 brocht Schulting it lêst oerbleaune poadiumplak en dêrmei in startplak op it WK ôfstannen.

Kok ried op snein noch hast in Nederlânsk rekôr op de 500 meter en ek op de 1.000 meter gie se rapper as ea. It wie mei 1.14,10 lykwols allinnich genôch foar in wrâldbekerticket. Ek Antoinette de Jong fan Rottum pakte in ticket foar de wrâldbekertoernoaien. Sy waard fiifde yn 1.14,13.

Ireen Wüst fan It Hearrenfean, Michelle de Jong fan Rottum, Marijke Groenewoud fan Hallum, Marrit Fledderus fan Sint-Nyk, Helga Drost fan Akkrum en Letitia de Jong fan Feanwâlden bleaune op de 1.000 meter mei lege hannen efter.

EK sprint

Der wiene op de 1.000 meter ek noch twa tickets foar it EK sprint te ferdielen. De twa bêste froulju yn it kombinearre klassemint oer de 500 meter fan snein en de 1.000 meter fan moandei krigen dêrfoar in ticket. Leerdam wie fanwegen har oerwinning op it NK sprint al pleatst foar it toernoai.

De twa oerbleaune tickets giene nei Kok en Schulting. It is lykwols noch net wis oft Schulting it sprint-toernoai ride sil, fanwegen it EK shorttrack yn Gdanksk dat in wike letter op it programma stiet. As Schulting ôfseit foar it EK sprint, dan nimt Ter Mors har plak yn.

Foto: Orange Pictures

Utslach 1.000 meter froulju

1. Jutta Leerdam 1.13,42
2. Jorien ter Mors 1.13,70
3. Suzanne Schulting 1.13,97 (PR)
4. Femke Kok 1.14,10 (PR)
5. Antoinette de Jong 1.14,13 (PR)
6. Ireen Wüst 1.14,32
7. Michelle de Jong 1.14,66 (PR)
9. Marijke Groenewoud 1.15,20 (PR)
13. Marrit Fledderus 1.16,08
14. Helga Drost 1.16,14
21. Letitia de Jong 1.16,84

Op de 1.000 meter by de manlju koene Jesper Hospes fan It Hearrenfean en Jur Veenje fan Garyp net meidwaan om de startplakken foar de ynternasjonale toernoaien. Hospes einige mei 1.10,06 as tsiende, wylst Veenje mei 1.11,02 as 23e oer de streek kaam.

De tickets foar it wrâldkampioenskip wiene foar Thomas Krol en Kai Verbij. Ek Wesly Dijs sil nei alle gedachten nei it WK meie, mar dêrfoar moat Nederlân noch wol in ekstra ticket bemachtigje op de wrâldbekerwedstriden. Hein Otterspeer en Dai Dai N'tab pakten de lêste twa wrâldbekertickets.

Utslach 1.000 meter manlju

1. Thomas Krol 1.07,36
2. Kai Verbij 1.07,81
3. Wesly Dijs 1.08,23 (PR)
4. Hein Otterspeer 1.08,34
5. Dai Dai N'tab 1.08,39 (PR)
17. Jesper Hospes 1.10,06
23. Jur Veenje 1.11,02
(Advertinsje)
(Advertinsje)