Wurkdruk yn fersoargingstehuzen is heech: "Het gaat met hangen en wurgen"

28 des 2020 - 17:06

Troch it hege oantal coronapasjinten nimt de druk op de soarch foar alderein ta. De wurkdagen binne lang en yntinsyf, soarchminsken hawwe sels ek te krijen mei sykte en dêr komme de feestdagen nochris boppe-op. En dat wylst de grutste pyk oan pasjinten noch ferwachte wurdt. Soarchynstellingen ha it dan ek swier yn dizze perioade. "We krijgen de roosters nog met hangen en wurgen rond," seit John van Arnhem, direkteur fan soarchynstelling Hof en Hiem. Dy soarchynstellingen hat lokaasjes yn Sint-Nyk, op 'e Lemmer, yn Balk en op 'e Jouwer.

Wurkdruk yn fersoargingstehuzen

Wurkdruk by soarchynstelling

Guon Veiligheidsregio's yn Nederlân, sa as Grinslân en Twinte, hawwe de oerheid al frege om it leger yn te setten. Se kinne ekstra hannen brûke, sa wurdt steld yn in brânbrief. Sa mâl giet it hjir noch net, mar neffens in tal soarchynstellingen is it dreech om it wurk oan te kinnen.

Omrop Fryslân hat mei meardere ynstellingen (Alliade, Hof en Hiem, Noorderbreedte en Patyna) belle dy't it ferhaal allegear ûnderstreekje. "Het probleem is tweeledig," sa stelt John van Arnhem. "Aan de ene zijde heb je een ziekteverzuim dat hoger is dan normaal. Dat komt omdat mensen bij een test gelijk thuis moeten blijven. Daarnaast neemt het werk toe, omdat er meer maatregels zijn met de corona. Je kunt niet zomaar altijd bij iedereen binnen stappen. We zijn uiteraard blij met vrijwilligers, maar je moet ook niet zomaar iedereen overal in gaan zetten."

John van Arnhem fan soarchgroep Hof en Hiem

Soarchynstelling Doniahiem yn Sint Nyk - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ynset fan it leger is yn ús provinsje noch net nedich, mar ferskate soarchynstellingen yn Fryslân binne al dwaande mei swiere senario's. Sa kin it wêze dat ferloffen yn de takomst ynlutsen wurde of dat er mear frijwilligers nedich binne. Dat is noch net oan de oarder, mar de ferpleechhuzen riede harren der wol op ta. "Je moet met meerdere scenario's rekening houden," seit Van Arnhem. "Het zwartste scenario is een corona-uitbraak. Dat wil niemand."

By Hof en Hiem ha der al meardere west. Yn Balk by Talma Hiem en op 'e Lemmer by Suderigge sloech it firus ta. "Dat heeft zo'n diepe impact op personeel. We hebben ze toen mentale begeleiding gegeven. Want het is niet zomaar wat als mensen wegvallen waar je al jaren mee werkt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)