Sportcast: "Der binne tefolle spilers dy't by Hearrenfean net thús jouwe"

28 des 2020 - 16:52

It is winterstop, mar der spilet genôch by SC Hearrenfean en SC Cambuur om te bepraten. Hearrenfean sil him fersterkje, mooglik mei Tibor Halilovic. Mar wat moat der noch mear by? En Cambuur is op wei nei promoasje. Of gean der noch spilers fuort? En yn dizze podcast binne jim it net fan ús wend, mar we ha it ek oer reedriden en Sven Kramer.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen. Fynst der ek de podcastôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.

Neffens Kroatyske media hat Hearrenfean wer ynteresse yn Tibor Halilovic. Roelof de Vries: "Dat hie Hearrenfean yn de simmer ek al, mar doe rekke hy blessearre. Hy is krekt wer fit en Hearrenfean hat him no wer meld. It is in jonge dy't faak foar de ferdigening spilet, dus kinst him sjen as mooglike opfolger fan Joey Veerman." Mar neffens Roelof moat der noch mear by. "De as stiet. Mar dêrom hinne binne te faak jonges dy't net thús jouwe. De backs mei Woudenberg en Floranus. Mar ek Kongolo. Dy kin folle better, mar dy moat it no dan ek mar ris sjen litte. Veerman is top, Batista Maier is al sûnt hy der út wie troch corona neat mear. Nygren skoart twa kear yn de earste wedstriden, mar hat dêrnei neat mear sjen litten, Van Bergen is in hiele goeie fuotballer, mar nul rendemint. Henk Veerman wie de lêste twa wedstriden wat minder, mar yn prinsipe in goeie. Mar dat fyn ik allegear te min."

"Komt Hearrenfean dan beslagen ten ijs nei de winterstop?" Dat freget presintator Andries Bakker. Roelof: "Mwa. Nee." Geert van Tuinen snapt Roelof wol: "Ik kin my dy twivels by Roelof wol foarstelle. It hâldt net oer en hielendal net as Joey Veerman ek noch fuort, dan kinst dy wol soargen meitsje."

Cambuur op skema

It moyenne oan punten is heger as ferline jier en Cambuur stiet krekt as ferline seizoen yn de winter boppe-oan. "Cambuur leit op skema en wat dat betreft leit Cambuur neat yn de wei om sa troch te gean. De winterstop komt no wol efkes op it goeie momint. Mar ik ha gjin inkelde oanlieding om negatyf te tinken. Of der moat noch wat fuort gean." Sa as it der no op liket binne net in soad geruchten oars spilers fan Cambuur dy't mooglik yn jannewaris fuortgean. "Miskien Antonia, dy is net tefreden. Mar fierder eins net. It gefoel libbet ek hast op in oandwaanlike manier om Cambuur kampioen te meitsjen. Der libbet wol in kollektyf gefoel om it ûnrjocht fan ferline seizoen goed te meitsjen." Andor Faber: "Foeke Booy hat wol oanjûn dat se foaral dwaande binne mei it ferlingjen fan kontrakten. Der binne aardich wat dy't ôfrinne. Paulissen is al wis en Maulun sil ek noch wol goed komme."

Yn dizze podcast sjogge we ek noch efkes werom op it WKKT, it belangrike kwalifikaasjetoernoai foar de reedriders. Dêr pleatste Sven Kramer him net foar it EK allround. Is dit de ein fan it tiidrek Sven Kramer?

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)