Teätermakker "Lytse Teake" ferstoarn

28 des 2020 - 18:30

De man dy't mear as 50 jier folle sealen luts mei syn humor, is net mear. Teake van der Meer fan De Westereen is moandeitemiddei op 83-jierrige leeftiid oan kanker ferstoarn.

Teake van der Meer yn "sa kin't ek" - Foto: Omrop Fryslân

Yn 2018 en 2019 gie er noch by alle sealen del dêr't er ea stien hie mei syn ôfskiedsfoarstelling 'Noch ien kear'. Yn in ynterview út 2017 yn de Ljouwerter Krante seit er: "It moat net safier komme dat se my aanst mei in heftruck it poadium optille. Dat ik haw my foarnaam om oeral daach te sizzen de kommende jierren. Alle plakken dêr't ik ea spile haw, wol ik noch ien kear nei ta. Ofskied nimme fan it publyk en fan de minsken út 'e betsjinning."

Teake van der Meer wie in leauwich man en hy spruts dat ek út op it poadium. Hy wie derfan oertsjûge dat syn talint him taskikt wie, dat er it fan God krigen hie en dat er him dêrmei rêde moast. It leauwen hat er fan hûs út meikrigen. Hy waard yn 1937 berne yn Sweagerfean, tsjintwurdich Kollumersweach, mar hy is bekend wurden as 'Lytse Teake fan De Westereen'.

It iere begjin

It begûn by toanielferiening Excelsior yn Kollumersweach. Mei oare leden fan de feriening rjochte er Selskip Fryslân op. Sjongend en spyljend giene se fan brulloft nei brulloft. Teake wie dan drummer en seremoanjemaster. De groep feroare gauris fan gearstalling en dan heakken der mear ôf as dat der by kamen. Dat gie troch oant Teake van der Meer noch as iennichste oerbleau, wylst der noch in stik as tsien optredens yn de boeken stiene. It wie oan Teake om dy ôf te sizzen.

Teake van der Meer oer hoe't er begûn

"De earste dy't ik belle, antwurde 'dan komst mar allinne'." Dat wie it begjin fan syn solokarriêre. Lytse Teake luts folle sealen en brocht lp's út. Hy hie der syn bestean fan meitsje kinnen, mar dat die er net.

Oerdei wie er boufakker. Hy hâlde fan dat fak en it hie ek te krijen mei hoe't er nei syn artystelibben seach. "Dan hie it in 'moatten' west, no mocht ik. As it moatten west hie, wie it net goed kaam."

Griet Wiersma en Teake van der Meer - Foto: Omrop Fryslân

In echte folkskomyk

Teake van der Meer hat tsientallen jierren suksesfol west mei gûcheler Minze Dyksma. Letter kaam Griet Wiersma dêr ek by. Mei har trijen hawwe se ferskate foarstellingen op de planken brocht.

Yn 2016 is Van der Meer mei dizze gearwurking opholden, mar hy gie noch wol troch as solo-artyst. De kabaretier wie in echte folkskomyk. Hy wist mei syn sketches in byld op te roppen dêr't Friezen har yn werkenne koene. Hy makke gjin politike statements of synyske maatskippijkrityk. "Jûn gjin ynhâld bêste minsken", sa begûn er gauris. Hy soe ek nea minsken ûnderút helje op it poadium. "Ik hâld it graach ienfâldich en fierder: net spotte en net kwetse."

Teake van der Meer as typke - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)