Jorrit Bergsma pleatst him op 10 kilometer mei twadde Nederlânske tiid ea foar it WK

28 des 2020 - 15:45

Jorrit Bergsma fan Aldeboarn hat moandeitemiddei op it kwalifikaasjetoernoai yn Thialf in WK-ticket op de 10.000 meter ferovere. De Fries ried mei 12.37,72 ûnder it nasjonale rekôr, mar Patrick Roest wie mei 12.35,20 sels noch rapper wêrmei't de fluchste Nederlânske tiid ea op syn namme komt. Marwin Talsma fan Grou waard tredde en grypt dêrmei neist in WK-ticket.

Bergsma en Roest setten yn de ien-nei-lêste rit in histoaryske rit del. De striid tusken beide manlju brocht se nei grutte hichte. Bergsma ried lang op kop, mar yn de slotfaze kaam Roest mei geweldige slotronden dochs ûndertroch. Hy pakte dêrmei in nij nasjonaal rekôr en in baanrekôr: 12.35,20. Dêrmei benadere hy sels it wrâldrekôr fan Graeme Fish dat op heechlân riden is: 12.33,86.

Allinnich de bêste twa manlju krigen in ticket foar it WK en dus wist Talsma dat hy ûnder de tiid fan Bergsma ride moast. Wat betsjut dat hy hast santjin sekonden fan syn persoanlik rekôr ôfhelje moast.

Dy druk waard Talsma yn syn rit tefolle. De Fries starte fluch, mar koe syn skema net folhâlde. Hy kaam úteinlik as tredde oer de streek yn 13.00,04

Bart de Vries fan It Hearrenfean en Bob de Vries fan De Haule kamen mei respektyflik 13.10,79 en 13.08,54 net yn de buert fan de WK-tickets.

Utslach 10.000 meter

1. Patrick Roest 12.35,20 (BR) (PR)
2. Jorrit Bergsma 12.37,72 (PR)
3. Marwin Talsma 13.00,04
4. Erik-Jan Kooiman 13.00,76
5. Mats Stoltenborg 13.01,70 (PR)
7. Bob de Vries 13.08,54
9. Bart de Vries 13.10,79 (PR)
(Advertinsje)
(Advertinsje)