Straf foar âld-Bûtenposter foar drugshannel

28 des 2020 - 15:23

In âld-ynwenner fan Bûtenpost hat 99 dagen sel krigen omdat er fiif jier fanút syn hûs deald hat yn speed. Hy krige ek in jier ûnder betingst. De man hat de 99 dagen sel al útsitten yn foararrest.

Rjochtbank Noard-Nederlân yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

By de útspraak hâlde de rjochter der rekken mei dat der gjin sprake west hat fan grutskalige drugshannel en dat de man syn libben yntusken mear op de rit hat. Hy is ferhûze nei Amsterdam en hat de bannen mei syn âlde netwurk yn Bûtenpost ferbrutsen. En hy hat syn ferslaving ûnder kontrôle.

De man hat wol in drugsferbod krigen en moat ek meiwurkje oan kontrôles.

(Advertinsje)
(Advertinsje)