168 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 168 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. It binne der 61 minder as snein, doe't 229 gefallen meld waarden. It deistige tal meldingen kin bot skommelje.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
It werklike tal besmettingen leit nei alle gedachten heger. De ôfrûne feestdagen ha minder minsken har teste litten. "Tussen de 1.000 en 1.300 de afgelopen dagen, terwijl we eerder meer dan 2.000 testten", sei GGD-dokter Everhard Hofstra. "Maar per 100 testen vinden we nog wel steeds net zoveel positieve gevallen als eerst. De komende dagen gaan uitwijzen wat er werkelijk is gebeurd met de kerst."

Measte besmettingen yn Ljouwert

Yn de gemeente Ljouwert binne moandei de measte nije besmettingen meld, nammentlik 30. Dêrnei folget Súdwest-Fryslân mei 29.
Der is ien stjergefal meld en ien sikehûsopname, yn beide gefallen giet it om minsken út Noardeast-Fryslân.
Lanlik binne moandei 7.453 nije besmettingen meld. Dat binne 1.645 minder as snein. It oantal leit leger as de trochsneed ôfrûne wike, doe't deis gemiddeld 9.959 positive tests bykamen.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.