Burgumer fiif jier de sel yn foar 'foarm fan terreur'

28 des 2020 - 14:27

In Burgumer fan 31 jier dy't ferantwurdlik wie foar twa ûntploffingen mei piipbommen en trije brânstichtingen, is troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele ta fiif jier sel. De straf is lyk oan de eask fan it Iepenbier Ministearje.

Rjochtbank Noard-Nederlân yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De Burgumer hie yn desimber 2018 in piipbom folstoppe mei krûd út swiere fjoerwurkbommen ta ûntploffing brocht by in hûs yn Droegeham. In healjier letter hie er yn Koatsterstille besocht om in auto op te blazen. It hûs yn Droegeham rekke swier skansearre. De bom wie bedoeld foar immen dy't spul hie mei freonen fan de Burgumer. Achternei die bliken dat de man in ferkeard hûs op it each hie.

Yn juny en desimber ferline jier hie er yn Surhústerfean en Drachten trije kear auto's yn 'e brân stutsen. Opnij wie er út op wraak: de eigeners fan de auto's, twa froulju, soene de plysje ferteld ha dat er yn drugs dealde.

'Vorm van terreur'

De rjochtbank rekkene it de Burgumer swier oan dat er út wraak en 'louter uit zelfzuchtige motieven' hannele hie en neamde de brânstichtingen en de ûntploffingen 'een vorm van terreur'. De Burgumer makke him ek skuldich oan twa ynbraakpogingen en drugsbesit. De man wie ferslave oan GHB en ketamine.

(Advertinsje)
(Advertinsje)